Column Friesch Dagblad, 20-01-2018

Ierdbeving

Ik skriuw myn stikjes op twa heech, net fier fan de binnenstêd fan Grins. It is in âld skoallegebou, bouwd yn de jierren tweintich en tritich, dat neffens in putsjesman ‘sa sterk is as in bear’. Der is wol wat mis mei, lykas in heech enerzygebrûk en stevich echoënde gongen en lokalen, mar it fûnemint is fan granyt.

Moandei 8 jannewaris om trije oere hinne siet ik achter it buro. Ik wie dwaande mei in stikje oer it grutte belang fan de krekt oannommen VN-resolúsje ‘Companies have to stop sending big bills to Jaap, otherwise they will get big economic sanctions on their big roofs’ (VN/274018, no. 38a-41c), doe’t dit oersterke gebouw ynienen begûn de skuodzjen. Fielde it de earste tel noch as in grapke, op de twadde luts ik de hannen fan it toetseboerd, op de tredde begûn it solitêre ôfwachtsjen en op de fjirde strielde ik it swijende fersyk de ether yn no mar op te hâlden. De ierdbeving yn Zeerijp, 25 kilometer fierderop, wie dus goed te fernimmen yn de stêd, wat alles seit oer it enoarme krêftenfjild ûnder de grûn.

It wie trouwens net de earste beving yn dit gebou. Elke kear ropt it in frjemd gefoel by my op: in bytsje as in sensaasje, wat oars net as in lapmiddel is om de opkommende stress tsjin te hâlden. Ik bin ommers net op de kermis, mar sit op twa heech.

Lykas altyd moat nei dy fjouwer tellen it slimste noch komme. Yn de grûn rommelt it nammentlik noch in pear tellen nei, wêryn de betizing feroaret yn in hyperbewustwêzen. Ik tocht: komt der mear? Hoe lang en hoe djip rommelt it noch nei? Fiele oaren it ek? Stiet alles der noch? Dêrnei waard it stil en liet ik de hingjende hannen stadich wer op it toetsenboerd sakje.

Foar alle dúdlikheid: ik hear net by de dupearden en ha gjin skea. Ik wol jo allinnich fertelle wat in ierdbeving ûngefear is. Tink jo ris yn dat jo mei hege snelheid yn de trein sitte, dy’t eefkes stevich hinne en wer giet. It klappert alle kanten hinne, jo hâlde jo fêst oan de lining fan de stuol en ferwinskje de masinist eefkes yn stilte om’t er it typen fan it appke ûnmooglik makket. Neat oan de hân, tinke jo dêrnei, want it is allegear betroubere technyk. Ierdbevings binne lykwols in gefolch fan de technyk en nimme in loopke mei de logysk tinkende mins. Dy pear tellen dat jo skuodzje, is alles relatyf en wint it sûne ferstân it mar krekt fan de fonken ûnrêst. Fonken waaie oeral hinne en dôvje gau – mar it bliuwe fonken.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *