Column Friesch Dagblad, 03-02-2018

Besmet

Froeger – ik wie in jier as seis – wiene alle famkes besmet. Net ien fan de jonges wist krekt wat se hiene, mar dat der wat mei se wie, wie dúdlik. Elke jonge dy’t dus in famke per ûngelok oanrekke, moast dêrnei de gefaarlike besmetting rap fan him ôfblaze, oars swaaide der wat. Jo koene bygelyks sels in famke wurde, wat net al te bêst wie. Altyd op it skoalleplein mar wat stean te praten of it hiele fierdere libben gymnastykje of blokfluit spylje, dat wie net in noflik foarútsicht foar oansteande proffuotballers, piloaten en ridders.

Op it hichtepunt fan de epidemy ûnstie der in steat fan wat wittenskippers acrosterie neame, in gefaarlike kombinaasje fan ‘acrobatiek’ en ‘hysterie’. Jo moasten as jonge dûke, springe en krûpe om de jonge froulju te ûntwiken en as der wol kontakt west hie, wie it blaze mei de longen fan in hynder.

It wie in freeslike sykte, dy’t fierders net bestie. No kin ik wol allegear pedagogise theorieën derby helje en sizze gean dat it by it foarmjende spul fan de geslachten heart, mar leuk wie oars.

Foaral om’t it firus, ienris ûnder kontrole,  hingjen bleau by dy bern dy’t der sawiesa bûten foelen. Sy waarden foar langere tiid de klasse fan de ‘onaanraakbaren’ en koene net oars as wachtsje oant de stoarm foarby wie. Soms duorre dat in hiel skoft, want it foarkomme fan de besmetting wie in stevich machtsmiddel foar sawol de populêren as gemiddelden ûnder ús. Jo moasten dus net neist se sitte wolle fanwege de kâns op sykte en as it wol safier wie, wie it blaze mei de longen fan in bolle. As ik tink oan de terreur fan al dy jonge berntsjes fol jildingsdrang en slachtoffergedrach, kin ik my net oars as nederich skamje.

Ik gean der tenminsten mar fanút dat ik der oan meidien ha, want meirinners binne meastal de grutste dieders. It ekstra pynlike is ek noch dat dizze terreur in doel hat. It is groepsfoarmjend en goed foar it bepalen fan de sosjale strategy. Yn elke leeftydsklasse yn elk fermidden is der in klasse fan de ‘onaanraakbaren’. Pubers, studinten, koarleden, fuotballers, âlderferieninings, wurkrelaasjes, fytsende pensionado’s, minsken op hege jierren – oeral wurde lju om mysterieuze redens troch oaren útsletten. De âlder minsken wurde, de subtiler it gebeurt. No binne jo en ik te âld foar acrosterie, mar as it giet om lege stuollen, banken of barkrukken witte wy mar al te goed partij te kiezen.

 

 

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *