Column Friesch Dagblad, 22-12-2017

Autoriteit

Minsken prate inoar nei de mûle. Logys: om te oerlibjen moatte jo meidwaan, oars folget útsluting of ekskommunikaasje. Guon gean lykwols altyd tsjin de rigels yn, wat se faak it predikaat ‘lekker eigenwiis’ jouwt. Yn in film of boek is soks in heldendied, mar yn it echt hearre jo dan ta it yrritante slach dat de boel nedeleas oan it fertragen is.

Neffens de folgers dan. As trou folger gean ik dus noait tsjin de mores yn. Ik haat ferset of aksje en dûk altyd rap fuort. Liedingjouwenden hawwe my graach, want ik praat se steefêst nei de mûle. As se stomme grapkes meitsje, laitsje ik keihurd mei; as se wat oan my freegje knik ik dapper ‘ja baas’. Meastal ha ik dan de fraach net iens heard en kom ik letter werom mei it fersyk it ien en oar nochris te werheljen.

Foar my binne alle boppelizzenden ek itselde. Of se no jonger of âlder binne, sa gau ien de titel ‘lieder’ of ‘meardere’ hat, wurd ik in krûperige ûnderkrûper, dy’t op alle mêden troch it stof giet. Ik bin bang dat ik yn in lân as Noard-Korea alle rangen fan it partijkader behoffenje sil mei nederichheid en respekt.

Gelokkich wenje ik net yn Noard-Korea, mar yn it egalitêre Nederlân. Dochs stel ik my ek dêr nederich en slop op. As ik bygelyks in boekje ruilje moat yn de boekewinkel en de winkelferkeaper soe sizze: ‘Dat kan Jaap, maar dan moet je wel 150 euro transactie kosten betalen’, dan betelje ik sûnder dralen 150 euro transaksjekosten. As in pelysjeman myn in boete jouwt om’t ik bygelyks sûnder ljocht fyts, sis ik braaf: ‘Fijn! Zal ik het even voor u inpakken?’ Soks slacht fansels nerges op, mar it feit dat in autoriteit fan my wat freget, makket my fuort dôf, mak en beslútleas.

Ik ha dus in autoriteitsprobleem, lit ik mar gewoan bekenne. Net om’t ik tsjinsprek, mar om’t ik klakkeleas folgje. Fansels hat soks in kearside, want yn elts yndividu sit in tsjinakseljend autonoom bist. Sa fyts ik wolris troch it reade ljocht en set ik yn de trein of bus myn skonk geregeld pontifikaal yn it gongpaad. It binne lytse dieden fan ferset, dy’t it gefoelige ego eefkes opkrikke. Ien kear ha ik in kear in banaan yn de supermerkrige opiten. Doe’t ik de skyl oerjoech om te skannen, sei it kassafamke fernuvere: ‘Wat is dit?’ Se wie begjin tweintich, mar ik bûge djip en sei fol nederichheid en respekt: ‘Dat is een bananeschil mevrouw’.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *