Column Friesch Dagblad, 06-01-2018

Nei de feestdagen

De feestdagen binne wer foarby. Nettsjinsteande de krystgedachte en it nije begjin, binne de dagen ek in tiid fan de tsjinstelling. De iene helte fan it lân hat in desimbermany en kin net wachtsje oant it begjint, de oare helte hat in desimberallergy en wol dat it sa gau mooglik 2 jannewaris wurdt.  De tsjinstelling wurdt trouwens komplisearder troch it ferrin fan it feest: de minsken mei de many moatte faak erkenne dat it ek dit jier wer in tikje tsjinfoel, wylst allergygroep op de 2e tinkt: no, dat foel allegear bêst wol ta.

As ik echt kieze moatte soe, dan hear ik by de allergisten. Mar dat wol net sizze dat ik neat oan de desimbermoanne fyn. Mear is it sa dat ik de dagen gewoan oer my hinne komme lit, yn de wittenskip dat it fansels 2 jannewaris wurdt. Ik doch dus neat – net yn de wiken derfoar, net op de dagen sels. Ik ha dus ek net in krystbeam, stjoer gjin kaarten en keapje gjin fjoerwurk.  Ik lit alle itensiederij ek oan oaren oer en help nei ôfrin foar de foarm eefkes mei de ôfwask.

Miskien bin ik net sa’n desimberfan mear om’t ik yn in stêd wenje. Yn de hast tritich jier dat ik dat doch ha ik sjoen hoe’t in jier hieltyd mear opdield wurdt yn feesten en partijen. Is de simmerfakânsje foarby, dan moatte wy ús mei syn allen tariede op de stoarmachtige hjerst. Nei Halloween komt de Sint, nei Sint de feestdagen, nei de jierwikseling wurde wy lekker makke mei de passymuzyk en Keningsdei, wêrnei it fia it lange himelfeartwykein it festivalseisoen begjint en it alwer hast simmerfakânsje is. De strjittefersiering hobbelt fan evenemint nei evenemint en elkenien raced der as in wylde hin hinne.

En dat wylst ik sa hâld fan neatsizzende dagen, lykas no. Gewoan gjin gemier, mei de minsken yn de strjitten en de wurkwike healwei. Op de merk is it net al te drok en oer in pear dagen is it freed.  It libben fan de gemiddelde Westerse mins sa fol pland mei events en bucketlisten, dat der amper tiid is foar boadskippen dwaan, hingje, krantsje en sneons om 18:00 nei Dúts fuotbal sjen op Der Sportschau.

Neffens guon psychologen is 21 jannewaris foar de minsken de dreechste dei fan it jier. De measte foarnimmens binnen net útkommen en it earstkommende feest is noch fier fuort. Miskien begripe jo dizze dei foar my by it absolute heechseisoen heart. Dat duorret fan jannewaris oant april en bestiet út saaie, stille dagen. No ja, ik ha dan ek myn jierdei, dat spilet fansels ek.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *