De novembercolumn uit De Riepe, de straatkrant van Noord-Nederland

Zo zullen wij niet, Arriva

Onlangs was ik erg boos op Arriva. Ik ben wel vaker boos op Arriva, maar geef meteen toe dat het ook fijn is om boos te zijn op het knulligheidsgehalte van dit verder moderne vervoersbedrijf. De gebruiksonvriendelijke oplaadautomaat, de irritante treinstem van de Arriva-vrouw en de regelmatige uitval van de incheckpalen, het oogt, luistert en voelt allemaal nogal goedkoop.

Deze keer echter was ik gewoon serieus woest. Wat was het geval? Op een zomerse vrijdagavond, rond negen uur, moest ik met de fiets van Groningen naar Sauwerd. Ik was voornemens een zogenaamde Arriva Fiets Mee Dag te kopen van € 3,60. Probleem was dat de oplaadautomaat in Groningen defect was en ik dus gedwongen was een gewone NS/Arriva-dagkaart fiets te kopen van € 6,10. Nu is € 2,50 extra best wel te overzien, maar niet voor een ritje van amper 9 minuten. Opgeteld bij de enkele reis (€ 1,70 met kortingskaart) zou de totaalprijs namelijk € 7,80 worden. In florijnen is dat meer dan zeventien gulden, een bedrag dat ik natuurlijk weigerde te betalen – maar uiteraard toch deed, want zo zijn mensen die de gulden nog hebben meegemaakt.

Nadat ik had afgerekend, had ik nog drie volle minuten voordat de trein vertrok. Het werden drie briesende minuten, waarin het station van Groningen gewoon te klein was. Uiteraard heb ik de volgende dag via het elektronische klachtenformulier contact opgenomen met Arriva voor tekst en uitleg, want ik voelde me – sorry – kut.

Kut en vol vragen. Waarom staat er op het hoofdstation van Groningen, waar elke dag tienduizenden forensen arriveren en vertrekken, maar één enkele kaartjesautomaat van Arriva? Waarom hangt er geen informatiebord bij die automaat, waarop staat dat het loket gewoon open is tot 23:00? Waarom was de automaat een week later, toen ik mijn saldo wilde opladen, nog niet gemaakt? Waarom kreeg ik na drie weken een bij elkaar geknipt en geplakt mailtje (‘Graag ontvangen wij van u de volgende gegevens: IBAN’), waarin ik helemaal niets over mijn serieuze klacht teruglas?

Overigens is de € 2,50 nog niet bijgeschreven, zodat ik ƒ 17,16 heb betaald voor een ritje van nog geen 10 kilometer. Zo zullen wij niet, Arriva!

 

 

 

Kollum Friesch Dagblad, 09-12-2017

Foarnimmens

Doe’t ik in bern wie, naam ik mysels foar om de wrâld wat werom te jaan. Ik soe it minsdom rêde, foaral yn Afrika en India. Al myn besit en jild soe dêrhinne gean, dêr soe ik net dreech oer dwaan. In died fan kompasje en urginsje. Ik stie derop en koe net oars. No hie ik net in bankrekken en ek gjin jild, mar ek doe wist ik erges al dat wurden mear krêft hawwe as dieden.

Skaaimerk fan in foarnimmen – ek dy foar 2018 – is dus dat de saak yn prinsipe hopeleas is. De foarnimmer jout meastal belies en falt nei in moanne, wike, dei of oerke alwer werom yn syn gewoane, lichtsinnige of skandalige gedrach. Ik haw dus ek in pear fêste foarnimmens, dêr’t neat fan op ‘e hispel komt. In list fol skuldbrieven dus.

Sa haw ik al jierren it plan om alle wiken in heal oerke baantsje te lûken yn it swimbad. Soms doch ik it ek, mar altyd is it nei twa, trije kear wer foarby en kin it foarnimmen wer yn de locker. Itselde jildt foar hurdfytse. Alle maitiden doch ik de gelofte mysels ien kear yn ‘e wike ôf te bealgjen, mar meastal hâldt dat nei fjouwer rûntsjes op de woansdeitejûn wer op. Ut skuldbesef nim ik mysels yn de hjerst foar om dan op alle frieskâlde en sinnige sneintemiddeis in ein te sporten, mar dat is my nei yntusken hast trije desennia op syn heechst twa kear slagge.

Sparje. Wa docht it net? No, ik. Alle moannen in pear tientsjes, dat soe it begjin wêze moatte, mar de 22,50 euro dy’t ik op de earste fan de moanne oerboeke lit nei de sparrekken, boek ik de twadde wer retoer. Soms sis ik foar de foarm tsjin mysels dat ik de oare moanne gewoan 45 euro oermeitsje, mar dat haw ik noch noait dien.

In ferneamd boek lêze.  À la recherche du temps perdu, Ulysses, Oorlog en Vrede, Faust, ensafuorthinne. Strak plan! Gjin ien docht it, ik soe de earste wêze. Gelokkich fang ik dizze nitelige kwestje in bytsje op troch it lidmaatskip fan in lêsklub, dy’t sawysa bestiet om lêsskuld te ferrekkenjen.

Ik diel myn hopeleaze foarnimmens op dit plak mei jo, jo famylje, freonen en kollega’s, want diele is ús twadde natuer wurden. Al dielt de sosjale media wol oars as ik, want op it web hoecht gjin ien oan de foarnimmens fan de foarnimmer te twifeljen. It is ien en al sukses en win-win. Sjoch dizze kollum dêrom mar as in oade oan de mislearring, dy’t yn alle gefallen my oant yn lingte fan jierren achterfolgje sil.