Kollum Friesch Dagblad, 4-11-2017

In coup op de Waadeilannen

Septimber. Ik soe te waadrinnen en moast de moarns al hiel betiid (= fiif oere) los. Nei in drege blubs- en drektocht mei in moaie sinne-opgong kaam ik om alve oere hinne oan op Skier. Ik wie noch noait op sa’n frjemde wize op in Waadeilân telâne kommen en hie nocht oan alles dêr’t ik my altyd op ferhûgje as ik nei in eilân gean: it sicht op it strân, poatsjes yn see, in ijsko, in patatsje. De kwelder wie wiet en droech tagelyk en nei in earste dúntop stie ik samar tusken de fytsende en kuierjende toeristen.

Dêr wie wat mei. Miskien sjoch ik it ferkeard, mar ik haw it idee dat dy toeristestream hieltyd unifoarmer wurdt. Skaaimerken: wite minsken mei in romme beurs. Net fuort smoarryk miskien, mar ek net earm. Dat kin ek net oars, want in oertocht mei de boat en twa nachten yn in simmerhúske kostet al gau in pear hûndert euro.

Ekonomy en sa, it algoritme fan prizen. Fansels. Dochs haw ik soargen, want ik tocht altyd dat de Waadeilannen foar elkenien binne. De iene giet rjochtsom, de oare lofts, mar elkenien fynt syn gerak wol. Doe’t ik lykwols wat ite woe yn paviljoen ‘De Merlijn’ seach ik op de kaart allinnich mar ferantwurde gerjochten stean fol mei truffeloalje, sardyntsjemous en pijnbeampitten, tsjin navenante prizen. Wêr wie myn patatsje bleaun en de feestlike Raket? Ik moast derom freegje! En doe koste ek nochris 3,50 euro!

Doe’t ik ferline wike lies oer de plannen foar in golfbaan op Skylge hie ik gjin inkelde yllúzje oer it algemiene nut fan dit plan. It is in coup fan de finansjeel fermogenden, dy’t de Waadeilannen oan it konfiskearen binne en de minder fermogenden stikje by bytsje ferwiderje. Golf is nammentlik in aktiviteit dy’t bedoeld is om soartgenoaten te moetsjen en in groep yn stân te hâlden. Wa’t net oer genôch pecunia beskikt, is net wolkom.

Itselde kin sein wurde fan grutte eveneminten as Into the Great Wide Open en Oerol. Dizze festivals binne ôfsteld en programmearre foar doelgroepen, wat ynhâldt dat se foar oaren net te beteljen binne. Foegje hjir de kommende priisferheging foar de oertochten oan ta, en jo begripe myn soargen miskien. Op de eilannen sil yn de takomst gjin twadieling te sjen wêze, omdat de iene helte fan de twa der net mear is. It kilometerslange strân as it ekslusive domein fan de happy few, is dat no net ferskriklik?

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *