Kollum Friesch Dagblad, 25-11-2017

Megalomaan

Ferline wike stie der in opiniearjend stik yn ‘e krante, skreaun troch mefrou Dien L. de Boer. Titel: ‘Stop de plannen voor het megalomane windpark Nij Hiddum-Houw’. Neffens har binne de njoggen grutte wynmûnen op de Kop fan de Ofslútdyk in oantaasting fan weardefol en histoarysk lânskip. Dy mêsten binne twahûndert meter heech en hawwe in wyt en read knipperljocht, dat dei en nacht baarnt. ‘Dit ten gunste van een paar belanghebbenden en ten nadele van duizenden bewoners van de nabije omgeving’. Under ferwizing fan de webside www.houfrieslandmooi.nl ferwiist mefrou de Boer op it alternative plan fan de aksjegroep mei deselde namme.

Lit ik it foar de safolste kear sizze: it Nederlânske lânskip is net histoarysk en dus it Fryske ek net. Salang’t hjir minsken libje is it kontinu ynpolderde, beboske of drûchlein; it is altyd bewurke, bewrotte en bemealle.

No leauwe wy graach yn de koekblikromantyk fan it faderlike túnpaad mei dy hege beammen. Lykwols: foar safier’t it oait bestien hat, hat de nei-oarlochse ruilferkaveling it ferwoeste. Fryslân is oersaai. It bestiet allinnich mar út einleaze kearsjochte kavels, dêr’t amper kleur yn te bekennen is.

Mefrou de Boer is ek bang dat Fryslân feroarje sil yn in ‘doorsnee industriegebied’. Ik wol har wize op it folgjende. Ofrûne oktober waard der in wittenskiplike stúdzje publisearre, dêr’t yn steld waard dat yn de ôfrûne 25 jier 75 persint fan it tal ynsekten ferdwûn is. Wierskynlike reden: neonicotinoïden, in agressyf bestridingsmiddel yn ‘e lânbou. Wy witte wat de lânbou foar gefolgen hat foar de fûgelstân, wy witte wat foar ynfloed it hat op it grûnwetterpeil. Fryslân is net allinnich oersaai, it is ek in grut yndustriegewest dat tafallich in griene kleur hat.

Ik soe sizze: stop de megalomane wize fan libjen. It is de heechste tiid dat tsjinakselers fan wynmûnen ris by harren sels neigean wat se no eins sizze. Miskien moatte se ek wat minder faak oer dy megalomane snelwegen raze of ris net it megalomane fleantúch nimme foar wykeintsjes Barcelona of Istanbul. Miskien moatte se ris in kuier meitsje op in trochsneed tiisdeitejûn om te hifkjen wat foar megalomaanheden der allegear te hearren en te sjen binne. Der is ommers de 24/7 rûzjende snelwei, de hûnderten kerosinestrepen en de permanint oranje himel. En wat te tinken fan dy megalomane pleatsen fan hjoeddedei? Foar de leafhawwer fan it ‘historyske lânskip’ binne se stik foar stik in griis.

Yn it ljocht fan de moderne destruktive libbenswize begryp ik werklik net wat no it probleem is fan dy pear ekstra pealtsjes. Ik haw dus aksjegroep ‘Plant Friesland Vol’ oprjochte, want ik bin graach pro-aktyf. Op de webside www.laatmaarlekkerwaaien.nl fine jo alle ynformaasje oer nóch hegere wynmûnen.

 

 

2 gedachten over “Kollum Friesch Dagblad, 25-11-2017”

  1. Beste dhr Krol,

    Moaie kollumn, fûn ik, yn de krante fan ôfrûne sneon oer de wynmûnen.
    Bin it hielendal mei jo iens. Eins reagear ik noait, allinnich no kin ik de website dy’t jo beskriuwe net fine.
    Of wie dat in grapke?

    Groetnis,
    Anneke Nieuwenhuis

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *