Kollum Friesch Dagblad, 18-11-2017

Ljouwert

Myn wenplak Grins is in populêre stêd om syn ûnderwiisfunksjes, studintelibben, kulturele foarsjennings, moaie gebouwen, merke en winkeloanbod. De stêd lûkt as in magneet en dat is te fernimmen oan de fleurige sfear op strjitte.

As Grinzer mei ik dus graach in bytsje ôfjaan op Ljouwert, dat yn myn eagen in hiele provinsjale stêd is. Kneuterich binne bygelyks de bakkers- en kofjesaken mei âlde ambachtentroep, Fryske relikwieën en koekblikken. Ik fyn ek altyd dat de kwaliteit fan in binnenstêd ôf te mjitten is oan de kwaliteit fan de klassike cd-saak. Sjoen it feit dat dy der net is, ha ik reden fragen te stellen by dy kwaliteit.

Fierders wol ik graach mysels eefkes sitearje, út in kollum út 2010: ‘Ljouwert hat in ûnsichtbere stedsmuorre. Wa’t bygelyks fan it stasjon ôf komt, wurdt earst fan ‘e sokken riden, moat it dêrnei opnimme tsjin de hurde wyn by de Achmeatoer, kriget pleinfrees by it Saailân en moat dêrnei in steech troch om yn de binnenstêd te kommen. Yn dy steech stjonkt it nei miich, patat en ferskaald bier en hingje oeral boerdjes fan hjir net dit en dêr net dat. Yn de hiele wrâld is der gjin inkele stêd dy’t besikers sa ûnfreonlik ferwolkommet.’

Dat wie doe’t it nije Saailân der noch net wie en der omraak protestearre waard tsjin dit plan. It nije museum wie te heech, te DDR-achtich en sawiesa skandejild. Wy kinne de riedel: linkse hobby, foar de elite en achterkeamerpolityk.

Mar wat docht no bliken? It grutte en massive gebou foar keunst ek kultuer docht presiis wat it dwaan moat: it lûkt minsken nei it plein. As besiker-toerist erfaar ik it Saailân no as in smûk plak, dêr’t de minksken rêstich omrinne, rêstich prate en rêstich flanearre nei it gerjochtsgebou om dêr in ijsko te iten op de treppen. It is in ferademing, in woldied en in oerwinning op de kultuerbarbaren, dy’t mei flauwe ferskes, beskildere lekkens en sinleaze referanda wer ris net te hâlden wiene en de parse hannenfol neatsizzend wurk joegen.

Fierders bin ik ek jaloers op de opromme steat fan de Ljouwerter strjitten. Yn myn wenplak hearsket in enoarme fytsenplaach, dy’t fuotgongers, bewenners en oare passanten letterlik it sicht ûntnimt. De Grinzer binnenstêd hat betiden mear it karakter hat fan in hippe studintewyk dan fan it grutstedsige sintrum fan Noard-Nederlân. Dit proses fan stadige gentrification driuwt sosjaal en ekonomys earmere groepen nei de rannen fan de stêd, wat in bedriging is foar de sfear op strjitte – sjoch mar nei Amsterdam, dêr’t it eltse dei keningsdei is. Dat jo dus op trochdewykse dei yn Ljouwert in kanonskûgel ôfsjitte kinne sûnder ien it heart, is dus in teken fan in moaie takomst.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *