Kollum Friesch Dagblad, 28-10-2017

Gitswarte tiden

Ik sit yn swiere tiden en ik mien it. Yn de tachtiger jierren siet ik ek yn swiere tiden, mar doe miende ik yn myn nayvens dat it allegear goedkomme soe. Dat leaude ik oprjocht – it wie in rotsfêst idee, in oertsjûging.

En it kaam ek goed. Tagelyk mei it ekonomysk herstel leauden wy ek wer yn eigen kinnen. Sa skreaune wy skiednis, in skiednis dy’t no fansels faak opreakele wurdt om’t der gjin hope mear is. It ljocht is út en it bliuwt ynearsten swart.

Fansels is der al hiel wat analysearre hoe’t it komt. Kenners wize op de bedoarne mentaliteit en de jildfergriemerij. As der ommers neat hoecht, is der ek gjin needsaak. Allegear wier, mar der spilet mear. It hat bygelyks ek te krijen mei it ferlies fan de gitaarsolo – wy wiene sterk doe’t Led Zeppelin, The Who en The Rolling Stones de tsjinst útmakken.

Dochs hat dizze megakrisis foaral te meitsjen mei it ferlies fan de PvdA. Ik hear jo tinken: ‘huh?’ folge troch: ‘redaksje, moat ik noch fierder lêze?’

Ja, dat moat. Spesjaal foar jo bin ik nammentlik eefkes yn de argiven dûkt om it ien en oar fan kontekst te foarsjen. It giet hjir om sawol de horizontale kontekst (it jier en it dêropfolgende plak) en fertikale kontekst (de jierren yn harren ûnderlinge ferbân).

Nim de tiid foar dizze sifers:

 

Figuer 1: Ferkiezingsjier en it tal PvdA-setels yn horizontale en fertikale kontekst

1989, 49 setels → WK 1990 Itaalje, 1/8e finale

1998, 37 setels → WK 1994 Feriene Steaten, 1/4e finale

1998, 45 setels → WK 1998 Frankriik, 4e

2002, 23 setels → WK 2002 Korea/Japan, Nederlân docht net mei

2006, 33 setels → WK 2006 Dútslân, 1/8e finale

2010, 30 setels → WK 2010 Súd-Afrika, finale

2012, 38 setels → WK 2014 Brasilië 2014, tredde

2017, 09 setels → WK 2018 Ruslân, Nederlân docht net mei

©Jaap

As jo de sifers goed ynterpretearje, sjogge jo dat Nederlân it wrâldkampioenskip miste doe’t de PvdA historysk leech stie: yn 2002 en yn 2018.

Foaral de 9 setels yn 2017 stekke. It Nederlânske alvetal hat foar en nei de ferkiezings dan ek net ien útspile kâns kreëarre. Dêrmei binne sloppelingen as Guus Hiddink en Danny Blind ferantwurdlik foar de katastrofale posysje fan sawol de Nederlânske ekonomy as it fuotbal. No sizze se dat it wol aardich giet mei de ekonomy, mar sels de grutste Keynsianen of Piketty-isten kinne net ûntkenne wat út dizze sifers spikerhurd bliken docht. Hearen, bedankt!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *