Kollum Friesch Dagblad, 14-10-2017

FNP

It is dreech om oer polityk te skriuwen, want de politike werklikheid is kompleks. Alles komt byinoar yn in besjoerlik beslút oer de takomst fan in lân, lânsdiel, gemeente, strjitte of strjittehoeke: ekonomy, rjocht, skiednis, ynfrastruktuer, moraal, mentaliteit, minsken.

Mar gelokkich hawwe wy de Fryske Nasjonale Partij (FNP), dy’t hiele komplekse steatssaken gewoan ta in bepaling út in hânfêst wit te redusearjen. De FNP is nammentlik tige belutsen by it referindum yn Catalonië, in lânsdiel dat in lytse 1700 kilometer fierderop leit. Ik lês teminsten op de site: ‘De Spaanske steat moat ophâlde mei it skeinen fan minskerjochten en fan it frustrearjen fan it demokratysk proses mei in referindum yn Kataloanje.’ Dit frustrearjen is nammentlik ‘yn striid mei de ferdraggen fan de Europeeske Uny en mei it Hânfêst oer fûnemintele minskerjochten lykas frijheid fan parse en frijheid fan ekspresje.’

Dizze ferme wurden binne skreaun foar 1 oktober, doe’t de stimbusgong plakfûn en der rake klappen foelen.

Dochs ha ik my ôffrege wat de FNP no te krijen hat mei in binnenlâns konflikt yn it fiere Spanje. Miskien hawwe in soad kaderleden dêr wol in twadde hûs en fleane se dêr geregeld eefkes hinne om by te kommen. It kin ek wêze dat it trochsneed FNP-lid faak mei de bonuspas troch de Albert Heijn strúnt, omdat de Spaanse Rioga wer ris yn ’e oanbieding is. Mar miskien is de partij achter de skermen al dwaande mei Sinteklaas, dy’t dit jier ommers yn Dokkum oankomt. It moat hast wol, want oars kin ik swiere wurden as ‘Spaanske steat’, ‘minskerjochten’ en ‘frijheid fan parse’ net tsjutte.

Ik kin ek net sa gau wat oars betinke. Ik gean der tenminsten fanút de de FNP mei dizze ferklearring net hint op in referindum yn Fryslân of oare nuvere plannen út ’e boerepet tsjoene wol.

Dochs bliuw ik achterdochtich, want wa’t in yntinsje ta in referindum stipet, jout ek in stimadvys. Mei it each op de preokkupaasje fan de partij mei minderheidstalen lit dat advys him riede. Stel dus dat it referindum jildich wie en de mearderheid ‘ja’ sein hie, soe de FNP dan serieus fine dat Catalonië him ôfskiede moat?

Mar miskien draaf ik troch. De partij profilearret him ommers as in pro-Europese partij en sil nei alle gedachten witte wat de gefolgen wêze kinne fan sa’n dryst beslút. Ik tink earder dat der in lobby achter sit om Messi los te weakjen fan Barcelona, sadat er nei Cambuur of Hearrenfean ferkasse kin en boechbyld wurdt fan de FNP. ‘Us Messi’, dat heart ek wol moai.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *