Kollum Friesch Dagblad, 30-10-2017

Jaap des Vaderlands

Foarige wike sneon wie ik oanwêzich by de ‘Nacht van de Japen’, mei as hichtepunt de ferkiezing fan de ‘Jaap des Vaderlands’. Ik woe net fuort meidwaan, want ik bin hielendal net sa’n faderlik type, mar ienris yn in bomfol Ahoy mei noch 37.000 mannen dy’t ek Jaap hieten, wist ik dat hjir myn kâns lei.

Sprekstalmaster Jaap de Hoop Scheffer trape ôf mei ‘Geachte aanwezigen, bêste allen’, om’t guon dy’t tenei miskien ek as ‘Jaap’ troch it libben gean woene noch wat romte te jaan. De nacht bestie út workshops, lêzings, rûnliedings en praatsesjes oer it Jaap-wêzen. Fierders waard der in mediatraining jûn troch Jaap Jongbloed, dy’t fansels hiel wat fan moderne media wit. In echte Jaap is net allinnich in ferbinende faktor tusken oare Japen, hy is ek in koepelfiguer – in buorman, in maatje, in goedkunde. No, sjoch dat allegear mar ris op it sosjale web te krijen.

Dêrnei wie der in fioelkonsert mei Jaap van Zweden. Ik kin him, om’t er ek Jaap hjit. Oait ha ik ek fioel spile, sadat ik dus bekind stie as ‘die andere Jaap’. Van Zweden waard earste fioelist fan it Concertgebouworkest en letter dirigint fan de New York Philharmonic, ik waard wat oars. Sa is de iene Jaap de oare net, wat it lot is fan alle Japen.

Ik wie trouwens nei de NvdJ set om’t myn ego grutte skea oprûn hie. Krekt foardat de simmerfakânsje losgie, fûn ik in doaze dêr’t sawat myn hiele legere skoalle yn siet: skriften en boekjes mei allerhanne rekken- en taalwurk, ferslagen, tekenings en skoallekranten.

Fansels wie ik bliid ferrast, want de libbensfase dy’t jo doe noch ôfsletten mei in pear fakânsje- en foutbalfoto’s en in hantsjefol berneferskes kaam ynienen wer ta libben.

Ik wie der dan ek wis fan dat ik no einlik ta mysels komme soe. Fanôf it earste begjin wie ik nammentlik in grutte útsûndering, mar dat wist doe gjinien. Ik wist sels ek net werom ik de grutte útsûndering wie (en bin), it wie (en is) gewoan sa.

Dochs kaam ik nei in middei bledderjen ta de spikerhurde konklúzje dat ik hielendal net sa bysûnder wie. Ik wurke sloardich, makke domme rekkenfouten en koe net tekenje. Ik skreau ek hiel apart, mei omkearde e’s en omdraaide fjouwers. It binne fansels fases dy’t alle bern trochrinne, mar alle bern binne fan betinken dat se erges útsûnderlik binne.

Ik wie dus mar hiel gemiddeld skoallejonkje. Miskien wist ik dat erges wol, myn ego hie it yn elts gefal fakkundich ferjitten. Ik bin trouwens ek net de nije Jaap des Vaderlands wurden, sadat myn ego ek noch akseptearje moast dat ik de rest fan myn libben gewoan ploeterje sil.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *