Kollum Friesch Dagblad, 18-09-2017

Nei de omrin

Ik kom graach en dêrom faak yn omrinwinkels – yn gewoane minsken-Frysk: de kringloopwinkel – om dêr myn gerak te finen. Ik sykje en sneup in skoftke en as der neat is, kom ik in oare kear werom.

Wa’t faker yn soksoart winkels komt, krijt in soart fan each foar de matearje. Kwaliteit lit him dan ferriede, wat fansels goed is foar it ego. Mei de jierren ha ik ûnder oaren in prachtige boekenkast, twa moaie tafelstuollen, in skitterjende designfauteuil en in puntgeef fornús skoard.

Sneupers as my witte ek wêr’t de bêste kringloopwinkels te finen binne. Faak ha se in kristlike signatuer en stean se yn ’e omkriten fan doarpen mei in ryk of boargerlik imago. In kombinaasje fan dizze twa betsjut dat de foarige eigners goeie sparders wiene, each hiene foar kwaliteit en sunich mei it guod omgiene.

Mar de sjarme fan dizze winkels is foaral it lytsguod. Wynglêzen út de Moezel (fan dy griene), in poef foar de fuotten, in transistorradio van Grundig. Foarige simmer ha ik foar in tientsje in blitsende oranje tafellampe kocht, flak dêrnei bemachtige ik foar fiif euro mear de komplete klassike Asterix-rige.

Fierders ûnderhâld ik thús in wikseleksposysje fan moaie platenhoezen. Dizze moanne húst de earste LP fan Corry & De Rekels yn de boekenkast. Op de achterkant stiet: ‘Populair zijn en veel succes hebben, is voor veel beginnende artiesten een stille wens, maar voor CORRY & DE REKELS is het pure werkelijkheid geworden. Corry kan het zelf allemaal nog steeds niet geloven.’ Foarige moanne stie ‘Immortal ballet melodies’ fan Mantovani op ’e planke, dy’t wer foarôf gie troch  ‘Wien bleibt Wien’, in fleurige potpourri fol Wein, Weib und Gesang.

Ik ha wille fan dy hoezen, om’t se wille, woldied, nostalgy en dekasinsje útstriele. In kringloopwinkel is eins in museum fan it humeur. Fan stiif en sterk (jierren sechtich) fia ekstra-vagant en útsinnich (jierren santich) en saaklik-strak (jierren njoggentich) nei tuttichheid troef (21e ieuw).

Der is dus in tiidsrek dat sneupers as my mei wearze ferfuld. Alles út de jierren tachtich is gewoan net om oan te sjen. Glêzen fitrinekasten, hege cd-tuorren, plastifisearre televyzjemeubilêr, tafelstuollen mei fantasymotyf yn sêfte pastelkleuren, twasits sliepbanken fan wyt suêde en izeren stangen, steande lampen yn postmoderne Keith Haringkleuren, it is stik foar stik in griis. As jo no sizze: ‘mar dat ik ha ik allegear yn myn hûs stean!’, dan ha wy dúdlik ferskillende opfettings oer wat moai is en wat net. No is it adagium dat der oer smaak net te twisten falt, mar dat falt der wis wol. Mei alle respekt, mar jo ha gewoan gjin smaak.

 

 

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *