Kollum Friesch Dagblad, 02-09-2017

Yisrael Kristal

As ik as bern oan de Twadde Wrâldoarloch tocht, seach ik mysels as in moedich soldaat en fersetsheld, dy’t allinnich foar de famkes bêst wol swier ferwûne rekke. Letter waard ik nihilitys-pasifistys, rûn ik mei in ban de bom-button en fierde ik aksje tsjin kernwapens. Nei de fal fan de muorre wie ik sawol (kwasi-)beskôgjend as ironys-filosofys en begûn ik yn myn wiisheid wat achteroer te leunen. Ik wist it allegear wol, allinnich in inkele film of boek wiisden my op de wierheid fan oarloch.

Toch is WOII foar my ek altyd in abstrakt tema út de skiednis bleaun. Hy bestiet út films, ferhalen en fotoboeken, mar dy ha fierders gjin reek of smaak. Ik bin selfs by steat de oarloch op te slúten yn pensionnearre perioaden as de Bulgaars-Roemeense riddertiid, de Reformaasje of de ûntwikkeling fan it lânbouark yn de pre-yndustriële maatskippij. Sa wurdt it allegear oersichtlik en kin ik my sûnder kweawillichheid yn it kwea ferdjipje.

Mar sa ienfâldich leit it allegear toch net. Op 11 augustus fan dit jier stoar Yisrael Kristal op 113-jierrige leeftyd. Oant dy datum wie er net allinnich de âldste man op ierde, mar ek de âldste Holocaustoerlibber. Foar de oarloch krige er as troud man twa bern en wie er eigner fan in snobbersfabryk yn it Poalske Łódź. Hy ferlear syn jonge gesin, oerlibbe Auschwitz, troude opnij en emigrearre yn 1950 nei Israël, dêr’t in snobbersfabryk yn Haifa begûn.

Dit berjocht foel my fansels op fanwege Kristal syn ekstreem hege leeftyd. Mar, sa tocht ik, is dat feit yn de takomst noch wol sa ekstreem? De kommende desennia sil it tal 100-jierrigen ommers allinnich mar tanimme. Nei 2050 is it berikken fan de 110 of âlder miskien wol net mear sa útsûnderlik as no. Minsken dy’t dus tusken 1935 en 1940 berne binne, sille de oarloch dan noch neifertelle kinne. It betsjut dat ik – in bern fan de feilige nijbou, dy’t bang wie foar slangen ûnder it bêd, in skoftsje fuortballer wurde woe en al gau akseptearje moast dat er net geskikt wie as stjergitarist yn in rock ’n roll-band – oant fier nei myn 80e ûnder oarlochsoerlibbers toefje sil.

Dy gedachte lit my net los. Wierskynlik rin ik dan stiif en stram achter in rollator en fiel ik my einlik âld en wiis. Mar altyd binne der dan lju yn de omkriten dy’t it út earste hân neifertelle kinne. De oarloch hâldt dus noait op – miskien oerlibbet er my wol.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *