Kollum Friesch Dagblad, 19-08-2017

Moralist

Ik bin in moralist en wol hjirom. Foarige wike rûn ik op in sinnige sneontemiddei troch de stêd. Yn in rêstige strjitte seach ik yn in straal fan tweintich meter it folgende lizzen: in leechfretten pûde sjips, de plestik restanten fan in smoothiebeker (ynklusyf twa rietsjes), twa heallege petfleskes kola, in oanbrutsen plestik amerke snobbersguod en tsien sigarettepeuken. Ik tocht: moat dat no? Alles wie kocht om gau te konsumearjen en net yn de jiskeamer te smiten, reden werom ik mysels in moralist neam. Mar it is net allinnich de konsumint dy’t syn fatsoen net hâldt, it is foaral de produsint dy’t de keaper foarhâldt dat er goedkeap ôf is en dat der fierders neat te rêden is.

Ik bin moralist yn it djipst fan myn tinzen. De swartste tinzen ek, want ik leau yn komplotten. Sa ha ik as wurknimmer-yn-de-moarnsoeren de plicht om nei de kommersjele radio te lústerjen. Kommersjele radio is oars net as in pak reklamefolders, dy’t by my troch de geastlike brievebus skoot wurde. Tusken de te ferkeapjen produkten sit in passend ferske, dat wyske wurdt wer songen troch in passende artyst, dy’t wer oankundige wurdt troch in passende DJ. By inoar opteld binne der sa’n tweintich ferskes, dy’t de hiele dei op alle stasjons oankundige wurde troch tweintich hippe oankundigers. De moderne muzyksmaak yn de ether – ien syn lettere herinnerings – wurdt dus bepaald troch Kruidvat, Vodafone of Pearl. Net te hurd, net te rûch, in bytsje moat dat no? en in bytsje yntins.

Ek belspultsjes op de radio binne gewoan nep, dat wit ik as moralist hiel goed. Sa is de gemiddelde beller altyd ûnderweis nei syn deistige wurk of komt er dêr krekt wei. By it ferkeapjen fan produkten hearre nammentlik súksesfolle minsken en gjin fuortkwinende suertsjes of minsken mei fage beroppen. De bellers binne ek altyd wyt, omdat wite minsken mear jild hawwe en gjin inkel bedriuw assosearre wurde wol mei achterstânsgroepen.

Ik bin net samar in moralist, want ik fertel de wierheid. Alles is ferkeapber, witte de hyperkapitalisten, omdat alles by de fleet kocht wurdt. Jo kinne hamburgers tsjin belachlik hege prizen oanbiede of de priis fan in portykwenninkje ta boppe in miljoen opdriuwe litte;  it makket gjin donder út.

It slimste is lykwols dat ik dielgenoat bin fan dit treurige universum en as sadanich in slachtoffer bin fan myn eigen komplottinken. Gemiddeld ien kear per twa jier flean ik ommers foar tritich euro nei in lân yn Europa en nim ik nei fjouwer dagen itselde fleantúch wer werom. Eins is sa’n reiske noch slimmer as dy rommel op strjitte. Ik bin dus ek in moralist om moralisten as my de moraal te lêzen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *