Kollum Friesch Dagblad, 05-08-2017

Underguod

Ik bin opgroeid mei ien auto, twa televyzjekanalen en trije ûnderbroeken. Yn dizze sobere omstannichheden waard ik in echte man. Ik hie ien wite ûnderbroek en twa swarte en wist gewoan net better dan dat se kocht en brocht wiene troch Sinterklaas. Mar it wie genôch, want fan ienfâld wurdt in mins riper.

Tsjintwurdich wurdt de ûnderbroek in ‘herenslip’ neamd, om de neatige status wat op te krikken en tagelyk it ferskil mei de modieuze boxershort wat mear te aksintuerjen. Oer dy boxershort wol it it net hawwe, ik mei se gewoan net leije. Sa’t it wurd ‘ûnderbroek’ al seit, moat de broek ûnder de broek bliuwe en dêr net as hippe fûgel boppe-út stekke. De dweepsike boxershort ropt by my assosjaasjes op mei minne rock ’n roll – Justin Bieber, Oasis of Linkin Park bygelyks. In soad bling bling, mar fierders hat it neat om ’e hakken. It sit net iens noflik, dat komt der noch by.

Dochs merk ik dat ik as klassyk ûnderbroekendrager oan de ferliezende hân bin. Jierrenlang ha ik my nei ús aller Hema set, om dêr in monokartonsje mei fiif swarte broekjes te keapjen. ‘Fiif’ en ‘swart’, monoër koe it net. Sa koe ik wer jierren foarút en hie ik tagelyk in moai sinterklaaskadootsje foar mysels kocht.

Mar de Hema hat syn siel ferkocht oan in Angelsaksise jildmasine. De hiele saak stiet fol bh’s en boxershorts, dy’t net te beteljen binne. ‘Koop eigen waar, zo helpen wij elkaar’ – sa wie it, mar wer is it fertroude gemak? Ik wol de Hema bêst wol helpe, mar net as de Hema myn segmint (45+, ryp) leaver kwyt as ryk is, hâld it fansels op.

Foarige wike bin ik dus demonstratyf de Hema foarby rûn om myn gelok te besykjen by de C&A. Dat foel ek net fuort ta, want yn hast alle skappen leine boxershorts. Soms yn setsjes fan trije, faak los.

Doe’t ik einlik de kartonsjes fûn, wachte my de folgende skok: fan de fiif ûnderbroeken wie der mar ien swart. Twa wiene griis, ien ljochtblauw mei stipkes en ien read.

Ik doar it hast net te bekennen, mar wylst ik dit skriuw – foar jo juster – ik ha in reade ûnderbroek oan. Moarn – hjoed – wacht my in ljochtblauwe mei stipkes. Hoe moast ik dizze assosearje? Nei lang tinken kaam ik by de reade op Lionel Richie. De ljochtblauwe mei stipkes wie in stik lestiger, mar ik úteinlik kaam ik op Frank Boeijen. Net echt myn muzyk, mar jo sjogge der gelokkich neat fan.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *