Kollum Friesch Dagblad, 24-06-2017

SimmerfaKÂNSje

Nei de oankommende wike duorret it noch fiif wike foardat myn simmerfakânsje begjint. Ik krij dan trije wike frij, wat sawat ûneindich liket. Yn totaal duorret it fanôf hjoed dus noch seis wike, mar dy lêste sân dagen tel ik noait mei. In kwestje fan selsbehâld: seis is ûnbegryplik lang, mei fiif jou ik it in nûmer, in fêst punt. Foarige wike wie it dus noch seis wike en telde ik de sânde net mei. Dêrfoar wie ik sân (acht) en acht (njoggen). Ik bin trouwens oait begûn mei 29 (30).

Yn de komst fan de simmerfakânsje sit dus in elemint fan kânsberekkening, mei altyd ien wike dêrbûten. Spesjaal foar jo ha ik it ien en oar eefkes yn in wiskundige formule jitten:

Ʃ = 3 x 7 < 5 x 7 (ȼ 6 x 7)

Yn ienfâldige Jip en Janneke-taal: de 21 dagen dy’t ik daliks frij ha, komme tichterby as de 35 (of 42) dagen dy’t noch folgje.

No is wiskunde in saak fan logysk neitinke, wat dizze formule bewiist. Dochs is it logysk neitinken meastal dreech as it om simmerfakânsjes giet. Ut ûnderfining wit ik dat minsken der fan alles by helje om de tiid sneller ferinne te litten. Se drave dan hastich de hiele famylje ôf of lizze de earste stapeltsjes klean al klear op ’e oerloop. Wanhoop leit dan op ’e loer.

Dat jildt ek foar my, want ik kom hieltyd mear yn de weromsjen-fase om de tiid sa eksakt mooglik te mjitten. Dus: wat wie ik hjoed fiif wike lien oan it dwaan? Ik ha it ris opsocht en ûtfûn dat ik dat wykein in kroket iten ha yn snackbar ‘Het Vosje’. No, wit ik dan, sálang is it noch oant de simmerfakânsje begjint. Ek dit is frij ienfâldich yn in formule te fangen – frjemd trouwens dat it noch noait dien is:

Ʃ = 5 – 5 + 5  → (<) 5 x 7 (ȼ 6 x 7)

De kânsromte is yn dizze fergeliking (ʄ) fansels altyd ôfhinklik fan de konstante fariabele, dy’t ôfrint nei 0. Dit fêste punt neame wy yn de wiskunde it harmonische midden. f X ( x ) = 0 {\displaystyle f_{X}(x)=0} Jo sjogge wierskynlik dat de coëfficiënt fan dizze parameters polynoom binne.

Fierders bliuw ik der hiel rêstich ûnder en meitsje ik my hielendal gjin soargen of dy fiif (seis) wike, en daliks fjouwer (fiif) wike überhaupt wol foarby gean. Of wiken sawiesa wol bestean en of dagen der wol binne. Of dat ik wit wat ik doch en of ik doch wat ik wit. Ik freegje my ek hielendal net ôf wêr’t ik no eins mei dwaande bin en begjin nije wike gewoan wer opnij mei ôftellen.

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *