Kollum Friesch Dagblad, 10-06-2017

Stakaravanzilla

Myn freondinne is net hielendal myn type. Yn in soad dingen is se gewoan hiel oars: sa rêstich, geduldich en beskieden. Se is ek fan earst tinke dan dwaan, fan net te gau wat roppe en fynt ek dat oer smaak yn elts gefal in bytsje te twisten falt.

It binne eigenskippen dy’t my faak op wei helpe en it paad wize. Op fytsfakânsjes fyts ik dus net om en boeken lêze hat noch noait sa leuk west.

No wol it gefal dat wy foarige wike in stakaravan kocht ha. Wy binne dus oan de klus rekke, in proses dêr’t ik as (echte) man dochs wat oer kwyt moat. As it nammentlik om huzen of stakaravans giet, reitsje froulju altyd yn in gefaarlike trance. Miskien kinne jo de sery Bridezilla wol, oer froulju dy’t trouwe sille en har dêr yn alle hystery op tariede? No, myn oars sa rêstige, geduldige en beskieden freondinne is no in stakaravanzilla wurden.

Ik moat trouwens tajaan dat ik net in goeie putsjesman bin. Meastal begjin ik sûnder plan en lis ik oeral in kleedsje oer. Dat ik dêrmei alles dûbel dwaan moat, ferdiskontearje ik gewoan yn myn strategy. Ik bin ek net in goeie wurker. Sa kom ik let op gong, nim ik lange skoften en ha ik de gewoante twa of mear dingen tagelyk te dwaan – in gefolch fan myn beroerde planning.

Hiel oars as myn freondinne, dy’t op dit stuit mei rigelmjittige slagen de karavan bewurket en net mear stoppe kin. No ha ik dêr stikum wol belang by, mar de oarde side fan de medalje is dat ik gewoan net mear yn te bringen ha. Ik rôlje de ferve net goed út en mei gjin ducktape mear brûke. Ik rin ek yn it paad en klets tefolle. By de gefaarlike trance heart ek dat se oeral eagen en earen hat. De meast brûkte sin op ús bouplak is de troch myn freondinne krékt wat te hastich en ûngeduldich útsprutsen ‘wat doe je nu?’ Ik kin wol antwurdzje gean dat ik bygelyks de plinten skjirje sil, mar it antwurd dêr wer op sil wêze dat der earst St Marc oer moat.

Kânsleas as ik my fiel ha ik my dus niis weromlutsen en sit ik no yn it skytlytse sliepkeamerke dit stikje te skriuwen, wylst myn freondinne mei fêste hân de muorren fervet, daliks de elektrisiteit ferleit, dêrnei de gerdinen ophingt en ta beslút de jiske nei de stort bringt. Sjoen it feit dat ik – ik sis it mar gewoan – lui bin en myn freondinne net te hâlden is, kinne wy dus sprekke fan in optimale win-win sitewaasje.

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *