Kollum Friesch Dagblad, 27-05-2017

Britains

Ik fûn trije âlde doazen werom mei boartersguod, skriften en tekeningen fan oait. In skok: ik miende altyd dat alle lytsguod allang fuort wie. Ald-papier, nei famylje, oait útliend, dat wurk. Folslein ûnferwacht waard ik dus mei myn eardere ik konfrontearre.

In libben wêryn ik graach boer wurde woe, in kânsleaze misje dy’t ik kompensearre mei kilo’s  Britains-boartersguod. Se wiene der noch, de trekkerkes van Ford, Massey Ferguson en Deutz. Noch altyd moai neimakke en foarsjoen fan it magyske stjoerke. ‘Trrrr-rrr-rrr,’ gie it dan.

Al siet der by de fabrikant wol in stekje los, neffens boarters as my. Sa siet der op de nije trekker altyd in kabine mei in mantsje dêryn, dy’t der beide earst ôf moasten om’t it stjoer oars net te brûken wie.

It bliuwt nijsgjirrich om te betinken wat ûntwerpers fan boartersguod no krekt foar eagen ha. En hiene. Gjin bern meande ommers de heale sliepkeamer en struide de oare helte dêrnei fol jarre. Ek wie it frjemd dat de pakjes hea fan de giele pakjepers al as pakje op de pers sieten, sadat it magyske momint fan pakjeskiten hielendal net nedich wie. Ik wit: suggestje, lekker boartsje, giet om de idee en sa, mar ienris opnij konfrontearre mei de matearje falle de skellen wolris fan ’e eagen.

Bern kinne hielendal net boartsje yn de sin fan fantasearje, dat witte fabrikanten goed. Yn myn gefal moast alles gewoan ien kear achter de trekker, wêrnei ik in rûntsje ried en it oanhingsel dêrnei achterút wer op it plak op it hiem trrr-de, folge troch in heech útroppen, beslútende ‘uuh!’

Nee, boartsje is gefoelens oanroppe en folwoeksenen neidwaan. As boer wie ik dus wol troud, mar myn frou sweefde as in ûnbekend skepsel om my hinne. Boartersguod is ek in oefening yn loyaliteit. Myn leafde foar de blauwe Ford mei syn lytse, profylleaze foarbannen waard úttest doe’t ik de nije Deutz krige, dy’t grutte, robúste foarbannen hie. Ik losse it op troch de Deutz te brûken as de Ford fêstsiet, dus by rein en snie. Dat wie bêst wol lestich, want Ford wie better as Deutz en kaam dus net samar fêst te sitten.

Myn oare loyaliteitskwestje wie de tsjerke, dêr’t ik mei myn Lego-auto hinne ried, meastal in úthoeke fan de sliepkeamer. Om’t de idee fan in hillige sneintemoarn spile waard, mar in tsjinst te lang wie, deklamearre ik nei oankomst en achterút ynparkearen sa plechtich mooglik: ‘Eén uur later’. Hjirnei koe ik fuort nei de pleats om kofje te drinken mei myn sweevjende frou en de grutte karre achter de Ford te spannen om de pakjes fan it lân te heljen – it grutste bewarre ik fansels foar it lêst.

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *