Kollum Friesch Dagblad, 13-05-2017

It bist

Ik bin in bist. Spitichgenôch hear ik by de homo animali. It is net fuort te fernimmen, want minsken hâlde fan my om myn soarch foar de natuer, myn kundige oardielsfoarming en myn leuke moppen. Myn lêste: it sjongt en is lekker yn it iten?

Mar soms is dat dus skyn. Ik bin it meast in bist – eins allinnich mar – as ik foar de televyzje nei  fuotbaljen sjoch. Dizze kombinaasje makket kwea bloed. As Nederlân in EK of WK spilet, wurd ik echt gek yn ’e kop. Elke edysje besykje ik om rêstich achteryn de stuol sitte te bliuwen en it allegear oan my foarby gean te litten, mar dat is in yllúsje. Binnen twa minuten kom ik oerein en wiis ik nei de tsjinpartij, dy ik beskuldigje mei de klisjee’s út de reisgids.

Ik bedoel mei ‘gek yn ’e kop’ dus net dat ik de hoempapa omearmje. Foaral net. Furieus bin ik, folslein út myn dwaan, mar ek wer enoarm yn myn rôl. Ik kin ek net stilsitte en tergje de knibbels om’t ik ôfwikseljend sit en stean. As der skoard wurdt yn ús foardiel, rop ik steefêst sa hurd mooglik ‘KOE-KOE’, nei sheriff Rosco P. Coltrane út de Dukes of Hazard. Dêrnei lit ik myn lichem en geast  yn de frije loop. Soms is it sa spannend en bin ik sa opfokt, dat ik nei de televyzje krûp en mei de noas op it skerm de skiedsrjochter útskel, om’t de blessuretiid no wol dien is. Dat binne misklike útroppen, dy’t mei oerslaande stim út myn mage komme. Sa koarje ik figuerlik, yn de hoop dat er it heart.

Ik bin 47 jier.

Oait hiene wy in hûntsje, in stabijke mei smekende eagen en in moaie krul yn de sturt. Neat mei te rêden. De hûn en ik, wy begrypten inoar. Mar ús fertrouwensbân krige in knak doe’t Nederlân op in  WK spylje moast en ik wer as in dolle bolle losgie. Nei it lêste fluitsignaal waard it bist yn my in monster. Ik raasde de meast freeslike oerwiningsferwinskingen, makke pirouetsjes en begûn de moonwalk yn te setten. Undertusken raasde ik ‘KOE-KOE’ en song ik yn in net te definearjen Ingels in soart fan oerwinningshymne.

Doe’t ik eefkes nei de hûn seach, rydboske er as in tin bledsje. Hy wie sa ferskriklik bang, dat er hast net mear op syn poaten stean koe. Syn trouwe hûneagen wiene opset fan ferbjustering en skrik. Mar ik liet him moai stean, want syn lijen koe my op dat momint hielendal neat skele – dêrom bin ik in bist. It is dus mar goed dat Nederlân op it fuotbalmêd foarlopich net mear meidocht.

Utslach mop: Bob Dille

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *