Kollum Friesch Dagblad, 29-04-2017

Gewoantetaal

Gewoantetaal is om meardere redens frjemde taal. As earste is it betocht troch de sprekker sels, faak troch de ûnfoarsjoene meiwurking fan in oar. Yn it twadde plak gean de útdrukkings mar in beheind tal moannen of jierren mei. As de magy útwurke is en de gewoante fersliten, ferdwynt de gewoante gewoan.

Ik wol jo in lytse blomlêzing jaan fan myn eigen siswizen. Earlik sein fyn ik de measten sa apart en sa leuk, dat ik se fergees mei jo diele wol. Tsjin it ferjitten yn stean se no op papier.

Sa rekke ik oait yn petear mei in man út Kolham, dy’t syn ferhaal oer de wederwarichheden dêr beslute mei de wurden ‘Zo doen wij dat hier in Kolham’. Dit konkludearjende sintsje muntte ik om oan te jaan dat in kwestje – de ôfwask, in lekke bân – achter de rêch wie.  Guon om my hinne fûnen it mar wartaal, maar dy fewiisde ik gewoan nei Kolham – allinnich al om de moaie namme.

In oar ferklearre altyd lûdop dat it ‘helemaal APK’ wie, wêrmei er útdrukke woe dat it goed siet. De Algemene Periodieke Keuring ha ik jierren brûkt om dat ek te sizzen. Sa kommunisearre ik dus yn sinnen as ‘Sân oere is APK’; ‘It giet reinen, wat net APK is’. ‘Wat tinksto fan oermoarn?’ ‘APK’.

Ek faak brûkt: de kiwi, oftewol wat sûns ite om dêrnei wat swiets te meien – oftewol in ynspanning dwaan om it dêropfolgjende fertier te ferantwurdzjen. ‘In kiwi ite’ is bygelyks nei in museum gean, om dêrnei streekrjocht nei de kroech te draven. In dreech konsert, in lange fytstocht, in jûn mei teater yn in minne stuol: alles is in kiwi as der dêrnei wat folgt yn de mear joalige sfear.

Op dit momint sit ik yn de AVRO’s-wie-kent-kwis-fase, hielendal frij nei it wyske ‘Dit is AVRO’s wie-kent-kwis’. Miskien witte jo it noch, de sjo mei Fred Oster en de sprintende kavia’s. Muzyk en tekst drukten tefredenheid út, lykas de hele kwis dat feitliks die. Sneontejûn yn 1979, dat wie in avondje AVRO mei buorrelnuten en in wyntsje út de kelder fan Verbunt, allegear hearlik thuis voor de buis. Joech ik oant in pear wike lyn alles wat ik leuk fûn – bygelyks in skaal hearlik dampende makaroni – noch sjongend it predikaat ‘Dit is AVRO’s wie-kent-kwis’, no folstiet ‘hielendal kwis’. Ut dizze reduksje meie jo gerêst konkludearje dat it noch in pear moanne duorret foardat dizze siswize út myn tinkramt ferdwûn is.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *