Kollum Friesch Dagblad, 15-04-2017

Ellinde

Utsein de gewoane hús-en-keuken-ellinde is my fierdere ellinde aardich besparre bleaun. Gjin radikale dea om my hinne, gjin tsjustere famyljegeheimen, gjin oarloch, natuergeweld of honger. Ik bin net allinnich in bern fan woldiedige jierren santich, ik bin ek opgroeid tusken de feilige muorren fan de troch boeren en bûtenlju faak sa ferfoeide nijbouwenning.

Dochs merk ik dat myn ellinde tanimt – de hús-en-keuken-fariant dan. Myn maatskiplike karriere komt net echt op steam, de jildkrapte bliuwt mar oanhâlden en it dêropfolgjende gefoel fan stilstân wurdt geregeld grutter en grutter.

Wêrmei myn gefoel fan achterdocht en lilkens ek grutter wurdt. Fan dat lêste sil ik jo in skrinend foarbyld jaan. Lêsten stie ik op de merk by myn fêste tsiiskream foar in pûn ekstra belegen tsiis. Ik nim ek wolris âld belegen of boerenbelegen, soks hinget fan ’e jildkrapte ôf, mar no dus ekstra belegen. Doe’t ik nei betelling fan fiif euro en tritich sint it stik yn hannen krige, fûn ik it mar in meager stikje en koe ik net leauwe dat dit 500 gram tsiis wie. ‘Het is wel erg dun, klopt het wel?’ frege ik noch sa beskaafd mogelijk. It famke fan de kream antwurde resolút: ‘Het is 480 gram meneer. Mag ik trouwens een handtekening van u?’

Ik skuodholle resolút en fytste fuort. Earst oertinkend en beskôgjend, dêrnei briesend en blaffend – it pakje yn myn hannen waard nammentlik hieltyd tinner, miende ik. In fingerhoedsje eins, mear net. Ik blaasde steam(sel) en wist ynienen wer dat merklju wolris mei meardere gewichtseenheden wurkje. My tefolle betelje litte, frdkke noch oan ta, wa tinkt sa’n frommis wol net wa’tkbn, tsiiskream’n b’nnefand’elite, #$&%:-(!!

No it skrinende. Doe’t ik thús kaam, ha ik op myn smartphone fuort in digitale weachskeal download en de tsiis op de smartphone set. It pak wie eksakt 490 gram, wêrnei ik de tsiis op tafel batste en de digitale weachskeal wer fan de telefoan wiste. Ik rôp ‘Aaaah!’, want ik hie it mis en waard dêrom noch lilker. Fan al dy opsternate ellinde wie ik de bôle ek noch ferjitten, sadat ik ek noch werom koe.

Tuskentiids kalmearre ik gelokkich wat. Ik kaam wer ta mysels en gie toch mar nei it merkfamke foar dy hântekening.

‘Waarom wilt u eigenlijk mijn handtekening?’  frege ik fol ferwachting. Ik tocht oan myn posysje as HELD en oan myn grutte ferantwurding as de takomstige Jaap des Vaderlands. ‘O, voor een petitie’. It merkfamke kaam doe mei in stikje echte ellinde, sadat ik myn eigen hús-en-keuken-ellinde dochs wat minder ellindich fûn.

 

 

 

 

 

 

 

Kollum Friesch Dagblad, 01-04-2017

Wintersport

Ik ha dit jier op wintersport west. Krekt foardat de maitiid los gie ha ik de stoute skiskuon noch oanlûkt. De helling dêr’t ik fanôf nei ûnderen fleach wie net samar in helling, mar de langste fan ’e wrâld. Dat docht wat mei in mins: foar hellings jildt dat as de ski’s ek mar ien meter tajouwe de skiër net mear werom kin en de ôfdaling definityf begûn is. Wa’t ienris glidet, moat it dus fuort ha fan syn technyk, oanpassingsfermogen en in mear as sûne doasis lef.

In pear feiten derom. De helling dy’t ik naam hie in persintaazje fan 24%, wat hiel steil is yn ski-lân. Yn myn hiele libben ha ik ien (!) lês hân, wat dus wat seit oer myn oanpassingsfermogen. Kenlik bin ik in talint, ien dy’t yntuïsje en technyk muoiteleas kombinearret en sa ta grutte hichtes komt. En dat allegear sûnder helm, skipak en skibril! Ik ha tidens myn wintersport ek noch socht nei in ski-skâns (90 m.), yn de hoop dy ek mar eefkes te nimmen, mar spitichgenôch wie dy der net.

Ik moat jo trouwens wol fertelle dat ik gjin ski’s en skiskuon ha en dy dus hiere moast. Ik moat jo ek fertelle dat de helling oerdekt wie en yn Bottrop stie, in treurige yndustriestêd yn it Ruhrgebiet, dêr’t de restanten fan de mynbou heger binne as de flats. Myn wintersport duorre presiis ien middei, wêrnei ik it ek wol wer moai fûn en nei in potsje bier yn de kantine nei hûs woe.

Hoe treurich it allegear ek heart, ik wie wol grien oan it skiën en hoechde my dêr net oer te ferantwurdzjen. Al dy folksstammen dy’t mei de folle beurs en folle auto nei de bergen skeure moatte dat wol. Wintersport is skandalich. Troch de klimaatferoaring komme de pistes hieltyd heger te lizzen, wêrtroch bosken fuortkapt wurde en de natuerlike muorren ferdwine. Al dy bewegings fan de lange latten meitsje de grûn ek noch poreus. Gefolchen: lawines, modderstreamen, heech wetter en oerstreamings.

Jierliks gean der ien miljoen Nederlanners op wintersport – meastal de rikeren, de better witte-moattenden. Werom bliuwe dy minsken net gewoan thús? Tink jo ris yn dat hjir fan april oant oktober ien miljoen misken te waadrinne sille. Gefolchen: De kwelders kapot, it Waad fersmoarge en oeral biertenten en parkeargaraazjes – en dan ha wy it noch net iens oer de lanningsstrip op see foar de gipsflechten.