Kollum Friesch Dagblad, 04-02-2017

Liverpool

Foarige moanne ha ik in pear dagen nei Liverpool west. As Beatle-fan wie it net in samar in reiske fan hè hè, einlik der eefkes út / och wat ha ik dat fertsjinne / dit hie folle earder moatten. Nee, dit wie in serieuze pilgrimaazje nei in hillige stêd.

Krekt dêrom seach ik der ek wat tsjin op.  Ald en wiis as it bin, lit ik my net mear ferrasse troch de meastal banale betsjutting fan geheimen, fassinaasjes of boarnen fan ynspiraasje. Yn de himel is neat (mear), de natuer is oerferfelend en kletspraat oer sfear, belibbing of treast yrritearret my. Ik moat bekenne dat álles foar my ûntrafele is en dat ik as in synysk hedonist yn it libben stean.

Alles? Nee. Ien ding bliuwt. Soms mear, soms minder. De magy fan The Beatles hâld my al hast fjirtich hier dwaande. Wat dat is, wit ik krekt net, dêrom hie ik eangst. Wat soe der oerbliuwe fan it ferhaal fan de ploeterjende gitaren en switkonserten yn smoarge kelders, ûnderweis nei it miljonêrsbestean, mei oanslútend de delgong? Ik hâld fan dit ferhaal. It hat neat te krijen mei myn libben, mar heart der wol yn.

Mei kilo’s achterdocht stapte ik dus yn in bus om de saneamde Magical Mystery Tour te dwaan. Ik naam in risiko en ik wist it. As it útdraaie soe op in fiasko, soe myn libben definityf feroare wêze.

Mar it waard in bysûndere reis, ûnder lieding fan in bysûndere gids. Liverpool is fansels net in iepen loft-museum en it libben op strjitte gie gewoan troch. Mei myn kollega-pilgrimgongers dwaalde ik tusken parken en gebouwen, as anonieme ienlingen yn in grutte stêd. De spoaren fan The Beatles binne mar stipkes: in ferfallen arbeiderswyk, in boerdsje hjir en dêr, in noch altyd bewenne hûs. Ik rekke dan ek hieltyd better yn myn rol fan pilgrimearjende toerist en naam ekstra folle foto’s fan bertehuzen, grêfstiennen, strjittenammeboerden en wat al net mear. Om’t ik wist dat de myte yn takt bleau, woe ik bewizen ha.

Nei in reis fan trije oeren stapte ik yn in sintrum fan Liverpool út de bus. Fol ekstase gie ik nei in Beatleshop, dêr’t ik in Beatleshirt, -hierbân, -beurs, -skuonleppel, -fruitmand,

-bannenplakset, -wurdboek, -Pokémon, -sjampoo, -lampkekap, -lêsbril, –koardsje, –kokerke en -neilknipper kocht. Ik ha ek in Beatle-tattoe yn myn nekke sette litten en in Beatle-rôlkoffer oanskaft – hy rôlet I Want to Hold Your Hand.

Dêrnei gie ik nei de Cavern Club en liet ik it my tusken hunderten oaren allegear lekker oanleune. Wy leauwigen, wy devoate folgers (Japanners, Dútsers, Amerikanen, Russen, ien út Bahrein), wy songen Yeah! Yeah! Yeah! en dûnsen oant let yn ’e jûn.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *