Kollum Friesch Dagblad, 21-01-2017

Smoke

Dizze moanne is it in jier lyn dat ik myn lêste shagje rookt ha. No wie ik net in echte smoker, mar ien fan de spesjale gelegenheden. Feestlik dus: in konsert, in kafeejûn, in resepsje. Dat brocht my it gefaarlike ymago fan bietser, feitliks in skande ûnder de karakterrokers. Ofkomstich út Beetstersweach stie ik dan ek bekend as The man from Bietstersweach. Meastal begûn ik de skoaipartij mei in ynterresearre fraach as ‘Hoe is it mei dyn wurk?’ of ‘Is de lekkaazje oan dyn nije badkeamer alwer ferholpen?’, wêrnei ik it antwurd ek noch kreas ôfwachte en ferfolgens keihurd tasloech mei ‘No, leuk ju. Mei in shagje fan dy draaie?’

Smoke is gewoan hearlik, gjin diskusje dêroer. Dochs bin ik allemachtich bliid dat ik it dit jier sûnder problemen folholden ha. Gjin inkele muoite selfs. Dat hie ik net ferwachte, want de mear feestlike gelegenheden, de mear smoke fansels. Jierrenlang hearde it der gewoan by, sadat myn status as tûk masterbietser stie as maagdelik pakje floei. Doe’t ik in partner krige dy’t der fan ôfbliuwe koe, waard it der ek net better op.

Mar yn jannewaris 2016 hie ik der op in moarn tabak fan. Yn kantoar- en reklametaal: ik draaide in knop om, fûn in spesifike mindset en kaam yn de goeie flow. Wat it no echt wie wit ik net, mar ik hâld it der mar op dat ik samar op it goeie spoar siet. Miskien slagge it sa maklik om’t ik altyd witten ha dat in ambisjeus stopplan (fanôf 1 jannewaris of sa) my net helpe soe. As de druk tanimt, ferlieze minsken harren besteansgrûn en sykje se ekskúzes en útflechten. Op dy moarn seach ik it ljocht, sûnder dat it skine – ik wist it gewoan.  By de earst folgende feestlike gelegenheid hoechde ik net mear. It wie as hie ik noch noait rookt en ynienen fûn ik it ek hiel smoarch.

Ik stel dit allegear om’t ik minsken kin dy’t al jierren de iene terapy nei de oare folgje en dochs de iene mei de oare oanstekke bliuwe. Dat begrut my. Roke hat foar my altyd feestlik west, ik ha dan ek te dwaan mei minsken foar wa it ferlet ûneindich heech is. Heechstimde ferklearrings fan guon dat se dizze dei noch mar ‘fiif of seis’ smookt hawwe, ferfulle my mei eangst. Smokers fan myn leeftyd binne dochs ek oait begûn op it skoalleplein, doe’t it noch net mocht en it dus spannend wie – ek om’t der faak ien by stean kaam mei de op it earste gesicht sympatike iepeningsfraach: ‘Wat foar sifer hiesto foar dy s.o. natuerkunde?’

 

 

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *