Kollum Friesch Dagblad, 31-12-2016

Winter

Twa wike lyn. Ik hie wat húshâldlike putsjes dien om in feestje ôf te sluten – krintebôle, glühwein, ABBA – en tagelyk de kommende  feestdagen yn te lieden. In bytsje himmelje, in bytsje stofsûgje, in bytsje lege flessen yn ’e jiskepûde dwaan. Dêrnei rûn ik nei de glêsbak en jiskekontêner om it ien en oar fuort te smiten.

It wie net al te kâld, dêrom wie in trui wol genôch, miende ik. Ienris bûten dy bliken dat it yndie net echt kâld wie, sadat ik foar de safolste kear gelyk hie.

No is temperatuer fansels in subjektyf gegeven. Fan natuere bin ik bêst wol gefoelich foar kjeld, mar dy wike krige ik it bûten gewoan net kâld. Ek net doe’t ik by de flessebak stie en ek net doe’t ik fia de jiskekontêner werom nei hûs rûn. It wie dan wol in dikke trui, mar fierders wie it foaral in hiel gewoane trui. Hiel gemiddeld, mei in ritske en fierder neat. Blau, dan witte jo it wol.

Miskien is it wol typysk stedsk om it seizoen yn ’e perfekte dracht te fangen. Elkenien om my hinne rûn nammentlik mei dikke winterjassen om ’e bealich en hie swiere moffen oan ’e hannen. Fierwei de measten hiene in serieus of krekt skattich mûtske op ’e kop. Weromkommend item wie de lange sjaal, dy’t meastal keunstsinnich om de nekke draaid wie en dan oer it skouder nei achteren ferdwûn. It stiet fansels hiel artistyk, mar fierders hat it neffens my hielendal gjin doel – ik hie it yn myn blauwe trui noch hieltyd net kâld en begûn sels in bytsje te switten.

Sterker noch: ik krige begrutsjen mei de lytse bern om my hinne dy’t mei skibroek, nauwe kapuchon en kreas drapearre en dêrnei straklutsen sjaal yn de perfekte winterdracht omrûnen. Dat moat dochs in hel wêze sa by tsien à tolve graden boppe nul? Sokke perfeksje docht my altyd tinken oan dy broerkes en suske dy’t optúgd binne mei in troch âlden fjurrich winske kapsel – in bytsje retro, mei ynfloeden fan it modieuze hippydom en hearlik eigenwiis. Wêr is it ûnstjerlike pagekapsel bleaun, mei in wibelige hierline en de earen frij? Mei it útstjerren fan de lêste drogist-kapper binne de easken oan ‘e bernecoupe ûnfoarstelber heech wurden.

Hawar, it wie ek snein en myn nacht hie koart west – dêrom dy flessen en myn lichte melancholy. Doe’t ik letter lykwols op in terraske siet foar in bakje kofje, wie ik troch de fûl baarnende terrasferwaarming twongen de blauwe trui út te dwaan. Dêr siet ik tusken de jassen, mûtsen en sjalen. Op myn t-shirt stie ‘HAPPY NEW YEAR, HAPPY NEW YEAR!’ O ja, wist ik wer, ik hie in feestje jûn

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *