Kollum Friesch Dagblad, 10-09-2016

It geheim

It is in gefoelich ûnderwerp. Leaver wol ik it net mei jo besprekke, om’t wy beide witte dat it in geheim is. Jo geheim, myn geheim. Gjin ien wit wêr’t it oer giet – oer wa’t it giet, better sein.

Ik neam dus gjin nammen, mar jo en ik kinne se: persoanen dêr’t wy mei te krijen hawwe, mar dy’t we eins net lije meie en it leafst út ’e wei gean. It is dy aardige kollega op ’e wurkflier, reedlike buorman yn ’e strjitte of sympatike partner út de freoneklub. Lju dy’t rigelmjittich ús it libben soer meitsje.

Dat is wat oars as in sitewaasje wêryn minsken fan inoar witte dat se inoar net útstean kinne. Hjir is it spul fan de ûntkenning of fermijing al lang útspile en is de ôfkear fan beide kanten yn lykwicht. It is ek wat oars as dy gefoelige en komplekse famyljeferhâldings, dy’t rigelmjittich op en del jo-jo-e, mar dêr’t by einbeslút de bloedbân meastal sterker is as tocht.

Nee, dizze ôfkear is ûnreedlik grut en wurdt allinnich mar grutter. It komt net mear goed en fierders is der neat mear oan te dwaan.

Wat soe no it geheim wêze fan dy ôfkear? Fanút it geheime perspektyf soe ik sizze: domheid. Dat hat neat te krijen mei yntelliginsje, mar wol mei spesifyk ôfwikend of opfallend gedrach. In evolúsjebiolooch soe sizze dat in dom persoan myn oerlibbingskânsen yn it paad stiet, wat fuortdaalk enoarme wrevel opropt.

Dy domheid is ek hiel fysyk. De persoan yn kwestje smakt ûnder it iten, brûkt altyd deselde wurden yn in al hiel faak ferteld ferhaal of hat simpelwei de ferkearde skuon oan. Eagen en earen reitsje dus yrritearre, wat wurket as in iiskâlde tang op in fette barich. Ofgriislik gewoan.

Al sil ik – bûge of barste – oerlibje, ik fyn it bêst wol slim om ien net te lijen. Ik skamje my foar myn lytsbernichheid en betraapje mysels op kwealik gedrach troch de persoan straal te negearen as ik mei him praat of stikem te laitsjen as er fertelt oer in tsjinslach of mislearring.

Tagelyk jakkerje ik mei graachte dy skamte foarby. It fielt noflik om immen stikem te ferachtsjen, want sa ûnderskied ik my fan him en bin ik oan de winnende hân.

En it is wichtich om oan de winnende hân te wêzen. Foaroer ôfkear en domheid stean eangst en yntelliginsje. Dat is nammentlik ek in gefoelich ûnderwerp – jo geheim, myn geheim. Se binne der ommers: persoanen dêr’t wy bang foar binne en dy’t wy it leafst út ’e wei gean.

 

 

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *