Kollum Friesch Dagblad, 26-11-2016

Status Quo

Ferline wike haw ik mei fjouwer maten nei Status Quo west. Ik seach dernei út, want ik bin gek op dizze band. Se spilen yn it Dútske Emden, wat myn foarwille noch wat grutter makke – The Quo heart thús yn de trochsneed provinsjestêd en net yn in teater fol hipsters en hopsters.

Status Quo is folbloeds. Hits as Whatever you wantDown DownWhat your’e proposing en Caroline binne  meisjongers dy’t de gemiddelde en selsbeneamde popkenner fuort nei de loftgitaar gripe lit. It rockt as in fjouwerjend hynder, bekt lekker en hat dat swymke stielene nostalgy.

Dat suchtsje wie yn Emden fansels de grûntoan, want de gemiddelde leeftyd lei dochs ergens fier boppe de fyftich. Genôch snorremansen dus mei in spikerjek fol Quo, hingjend oan de taap of oars sittend op de tribune.

Dochs soe ik dit stikje net skreaun ha as wy net stopt wiene yn Leer foar wat iterij. As jo nei in rockkonsert gean frette jo patat mei woarst en drinke der in pear potsjes bier by, saken dy’t yn Dútslan altyd goed foar inoar binne. Oan tafel kaam it petear op de ferkiezing fan Donald Trump. Ik harke nei dy oare grûntoan en fielde ûndertusken nerveus nei myn jasbûse om nochris en nochris te tsjekken of ik de kaarten wol mei hie.

Dy grûntoan wie der ien fan soarch. Fansels. Us toan gie heger en heger, waard lûder en lûder, allegear om ús soarch en fernuvering te dielen, dan wol in inkele kear te ûntstriden.

Trump hinget al in pear wike as in skaad oer de frije wrâld. Ik wit teminsten net hoe’t it no fierder moat. De reis nei de Nordseehalle yn Emden waard dêrnei ek in sentimentele oertinking fan wat no noch in beskaving is en wêr’t dy hinne giet. Ik krige – en krij – yn alle gefallen wol hieltyd mear it gefoel wêr’t dy beskaving no krekt foar stie.

Dat sil ik jo útlizze. Status Quo eindige de sjo mei Rockin’ all over the World. Dat nûmer is in monumint en thús yn alle lear- en ynboargeringsboeken oer skiednis en literatuer. It refrein giet sa: And I like it, I like it, I like it, I like it / I li-li-like it / li-li-like / Here we go, rockin’ all over the world

It is fansels net it meast heechsteande proaza, mar it fertelt eksakt wêr’t rock ‘n’ roll oer giet: in pear maten wille en gelok, dêr’t it libben sûnder pardon yn fierd wurdt. Bob Dylan hie de Nobelpriis foar de literatuer net krije moatten, mar Status Quo – dy foar de frede.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *