Kollum Friesch Dagblad, 12-11-2016

Tennis

Ik haw acht jier tennisse, fan myn alfde oant njoggentjinde jier. Om earlik te wêzen haw ik in soad ferkrongen fan dy tennisserij, want al dy tiid fûn ik der net safolle oan. Ik bin lykwols it maklik oerhel-type dat gjin ôfskie nimme kin, dêrom plakte ik der hieltyd in jierke oan fêst.

Dat ik der net in hiele soad oan fûn, lei fansels oan myn beroerde technyk. In forehandsje slaan gie noch wol, in backhandsje wie al wat dreger en in folley om it ôf te meitsjen slagge my in hiel inkele kear. Swakste punt wie de opslach. In hel. Ik koe dy each-earm-koördinaasje mar net goedkrije en produsearre yn kompetysjeferbân dûbele flater op dûbele flater. No binne der twa kategoryen jongeren: de fierstente reedlike en de fierstente ûnreedlike. Omdat ik maklik oer te heljen wie – en bin – hearde ik dus by de earste groep.

Lykas myn dûbelpartner. Ik sei dus nei eltse rige flaters hieltyd ,,Sorry hear”, wêrop’t myn partner geduldich antwurde: ,,Och ju, hinderet neat”. As ik jo fertel dat in love-game fjouwer punten hat (yn dit gefal 0-15, 0-30, 0-40 en game) gie it dus trije kear ,,Sorry hear”, folge troch trije kear ,,Och ju, hinderet neat”. Dêrnei waard der swijd om sawol myn skamte as de yrritaasje fan myn dûbelpartner yn goede (tennis)banen te lieden.

Tennis wie trouwens in sport mei hege ferwachtings. In swymke talint stie foar in soad âlden gelyk oan in suksesfolle karriêre yn it profsirkwy. Se kamen te sjen, kôgen op in stikje kaugom en hâlden tasicht. Soms in middei, soms gewoan de hiele dei. Dat gie fansels ek mis, want harren puberjende bern hiene wolris tabak fan al dat tasicht. ,,Ga toch weg mens!” of ,,Bemoei je er niet mee! Heks!” gie it dan – op de tennisbaan waard foaral Nederlânsk praat.

No fûn ik dy ferbale oarloch plakferfangjend slim, mar erges ek wer moai. Sokke tongerjende rúzjes befêstigen ommers myn reedlikheid en myn nommele stribben nei universele frede yn alle kontininten fan ‘e wrâld. Ik haw yn myn hiele sportkarriere ek noch noait wat slim fûn. Altyd wie it ,,Spitich, neat oan te dwaan”, ,,Ach, it is mar in spultsje” of ,,Sorry hear”.

Dom fansels. Ik hie myn grinzen opsykje moatten, dêr binne jo ommers in puber foar. As myn partner no sein hie: ,,Sûch! Sla dy bal no in kear oer it net!” dan hie ik miskien wol antwurde: ,,Skyt do en fuck tennis! Ik stop dermei!” en de racket foar de ferbjustere âlden fan de tsjinpartij trochmidden slein. Ik soe noait mear oer te heljen wêze en de rest fan myn libben op eigen kompas farre.

 

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *