Kollum Friesch Dagblad, 29-10-2016

The Godfather

De ôfrûne wike haw ik de dvd-boks fan The Godfather fan regisseur Francis Ford Coppola der wer ris by krigen en de films ien foar ien besjoen – ien kear yn ’e fiif, seis jier doch ik dat. It alom bejubelde epos oer de maffia-famylje Corleone spilet him ôf yn New York, Nevada en op Sicilië en oerspant sawat in hiele ieuw. Dit kear wie it ekstra spesjaal, want ik haw se achter inoar besjoen. Mear as njoggen oeren famyljebesognes, dea en geweld, dat is wol in útdaging.

Mar fan de famylje Corleone krije jo noait genôch. It begjint al by de allerearste sêne, as Don Vito (Marlon Brando) op de troudei fan syn dochter in begraffenisûndernimmer oer de flier hat. Dy wol dat er de mishannlers fan sýn dochter wreket. De Don harket en boartet ûnderwylst mei in poeske, dat op syn skonken leit. Dêrnei komt er oerein, rint skodholjend troch de tsjustere keamer en seit er dat er net begrypt wêrom’t de begraffenisûndernimmer him sa ‘disrespectfully’ behannelet. Wêrom neamt er him net gewoan Godfather? As er dat nammentlik docht kin him neat gebeure, want in fijân fan de begraffenisûndernimmer is dan in fijân fan de Don. ‘Then they will fear you,’ seit er mei útstrutsen wiisfinger. Hy sil de belagers in oanbod dwaan dat se net wegerje kinne.

Miskien is The Godfather wol de grutste skepping fan de tweintichste ieu. Al is it tredde diel wol minder as de superieure earste twa, yn it meigean mei de famyljeskiednis ken de rige gjin inkel swak momint. Famylje is bloed en DNA, dat begripe moderne minsken hiel goed. Oer fiifhûndert jier sil it ferhaal noch altyd trochferteld wurde, lykas guon ferhalen fan fiifhûndert of fiiftûzen jier âld hjoed sa libben as in hart binne.

Myn favorite Corleone is Fredo, de omkoalige âldere broer fan haadpersoan Michael (Al Pacino). Hy fielt him minderweardich en dom, mar oerskat himsels ek. Tusken syn broers is Fredo de man dêr’t ik mysels werken. In gangster dy’t gjin gangster is. Bêst wol aardich hear en altyd yn foar in leuk mopke, mar ek swak op ’e poaten, in bytsje lef en maklik te oerreden.

Wat soe ik dwaan as ik him west hie? Ik hie nei alle gedachten ‘Japi’ hiten en hie dus bekend stien as ‘Japi Kroleone’. As Don soe ik in ymperium opbouwe dat wierskynlik boud wie op driuwsân. Ek al soe ik tsjin myn fijannen sizze dat ik se in oanbod doch dat se net wegerje kinne, myn ûndergong wie kommenderweis. Michael soe yn alle gefallen tsjin ien fan myn oare broers sizze: ‘Japi has a good heart, but he is weak…and stupid, and stupid people are the most dangerous of all.’

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *