Kollum Friesch Dagblad, 15-10-2016

Ah

Ien fan de nuvere aspekten fan it libbensproses is it tanimmende gebrûk fan it wurd ‘ah’. As ik bygelyks de kaai fan myn hûs falle lit en opkrije moat, sis ik it geregeld. Wannear ik fan de fyts stap en dy it hok yn triuw, brûk ik it om my in bytsje foarút te helpen. As ik nei wat heechs rikke moat, kin ik der net ûnderút, krekt as wannear’t ik mei in folle panne snert fan de keuken nei de keamer rin.

Offisjeel is ‘ah’ net in wurd, mar in útrop. Jo soene dus sizze kinne dat it my mear ûntkomt as dat ik it sis. Sa besjoen is it dus wier dat ik my net altyd bewust bin fan de ‘ah’, mar it giet my fierstente te fier dat de minsken sizze: ‘do stinst fan âlderdom’. It a-wurd is noch altyd in beskaafde útrop dy’t ik yn alle rêst – sis mar gewoan út oertsjûging – doch. Wêrom fuort dy labels oeral op? Minsken mei in rollator kinne faak ek wol rinne en net alle mannen mei in keale plasse binne âld.

Dochs moat ik jo wat fertelle. Ofrûne simmer fytste ik yn Dútslân en kaam ik by in swimbad. No mei ik graach eefkes wat baantsjes lûke om de sinnen te fersetten en it liif yn foarm te hâlden, dat ik tocht: fuort mar.

Mei myn swarte swimbroek stie ik der moai op. ‘Ah!’ hearde ik de minsken al roppen. ‘Das ist der Jaap! Er kann wirklich gut schwimmen. Er ist einer Held! Jaap, wir lieben dich!’. Ik die dus in pear baantsjes flinderslach en boarstkrol en seach ûndertusken mei hieltyd mear wille nei de hege dûkplanke. In dûbele salto en oanslútend in skroefke, dat moast doch wol eefkes kinne.

Ik gie dus by de steile trep omheech, rûn de smelle planke op en makke my klear foar de sprong. Doe’t ik lykwols nei ûnderen seach, fielde ik my ynienen net goed wurden. De ôfgrûn wie ôfgriislik blau en folle djipper as it tocht. Wat wie der mei my oan ’e hân? Froeger koe ik gjin eangst en sprong ik gewoan, no fielde ik in gleone staafmikser yn ’e mage miksen. Foar’t ik it wist ûntkaam my in lûde gjalp – ien mei mear meiklinkers as klinkers. Ik sprong ek net, mar liet my gewoan falle. Doe’t ik dêrnei hurd ôftaaide, haw ik my mar net mear ôffrege yn wat foar aspekt fan it libbensproses ik no wer bedarre wie.

 

2 gedachten over “Kollum Friesch Dagblad, 15-10-2016”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *