Kollum Friesch Dagblad, 01-10-2016

Hier

Yn prinsipe ha ik slap en futleas hier. Dat is net altyd maklik, foaral net doe’t ik in jongere-jongere wie. Erges fielde ik altyd wol foar it punkdom en noch mear foar de mear estetyske New Wave-coup, mar suver om it feit dat ik slap en futleas hier hie bin ik altyd in grize mûs bleaun. Ik ha gel en sjippe besocht, letter ek ôfwaskmiddel, spiritus, ammoniak en Alabastine, mar it holp net. Ik ha it hier ek hiel lang rjochtsom kaamd, want neffens de Popfoto waard it dan sterk en krêftich, mar altyd sakke it hier al gau wer nei ûnderen waard it wer slop en futleas. Dat stekt fansels: jo binne wat, mar stelle fierders neat foar.

Minsken mei slop en futleas hier binne trouwens faak hiel apart. Se kompensearje in tekoart oan hierpower mei machtshonger, jildsucht of artistieke pretinsjes. Ik neam net allinnich in Donald Trump en Justin Bieber, mar ek in Sue Ellen út Dallas en tante Sidonia út Suske en Wiske. As erfaringsdeskundige wit ik dat de boppesteande trits oan hierferstevegings by harren net holpen hat en dat it fertriet dêroer grut is. En wat te tinken fan kening Willem? Dêr’t Wilhelmina sjoen wurdt as de ‘Moeder van het verzet’, Juliana de ’Vriendin van Greet Hofmans’ en Beatrix de ‘Moeder van de koning’ sil hy letter dochs foaral herinneren wurde as de ‘Koning met dat haar’.

Dochs ha ik dizze simmer in middel fûn om it hier fan libben te foarsjen. It waard my oanrikt troch de kapper, dy’t sei dat elke dag-sjampoo hielendal net goed is. Twa kear yn de wike waskje is neffens him mear dan genôch. No wie ik dêr wat huverich foar, want ik miende dochs echt dat in net-wosken boskje hier al gau in fettige tizeboel wurde soe. Sis mar gerêst klodderich en smodzich.  Mar goed, sa’n kapper hat der foar leard, dus dy sil it witte. Ik besleat syn rie ris op te folgjen en de flakon dus fiif kear stean te litten.

Ta myn fernuvering en wille gie it slappe en futleaze hier nei de twadde dei streekrjocht de loft yn. Oeren stie ik foar de spegel om dernei te jen. Ik waard ien en stelde wat foar. Ik ha dus fuort in feilichheidsspjeld troch de noast dien en in pear legerboots kocht. Fannemiddei lit ik pear tattoo’s sette, takommend jier sil ik nei Pinkpop om te stagediven. Fierders gean ik elke sneon op de brommer nei de dancing en begjin ik nije wike mei in kursus fandalisme (A + B). It liket miskien wat drok allegear, mar as jongere âldere ha ik hiel wat yn te heljen.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *