Kollum Friesch Dagblad, 03-09-2016

Hiddensee

De boat gie fan Schaprode nei Hiddensee. We hiene in moai plakje by it rút en seagen oer de Bodden, it kustwetter foar de Dútske eastseekust. Hiddensee leit in lytse seis kilometer foar de westkant fan Rügen. It eilân is autoleas en hat gjin ferkearswegen. It hat dus ek gjin ferkearsrigels, elkenien – hynders, fytsers, kuierders – docht mar wat.

Fanôf de boat fytsten we mei ús fakânsjefytsen hast streekrjocht it strân op, wêrnei we gau de klean útlutsen om yn de bleate toko fan ’e see te priuwen. No bin ik fan nature net echt fan ’e freikörper, mar op ien of oare wize koe my dat op Hiddensee net safolle skele.

De measte swimmers hiene de swimklean trouwens thús litten, sa die bliken. Al wiene dat der net in soad – tusken de strânkuierders leine mar in pear hoopkes hândoeken en ûnderklean fan dy fyftigers, sechtigers en santichers dy’t ek de moed hiene om te poedeljen.

Hiddensee bestiet út dúnen, gerslân, kwelders en in klif. It eilân hat fjouwer doarpen, dy’t oait in thús wiene foar skilders, skriuwers, hippies en oar nuveraardich folk. We hiene gjin tiid om dêr omtinken oan te jaan, want de see rôp. Swimme yn see is ommers it moaiste dat der is, jo en ik witte dat mar al te goed.

Miskien ha wy de hiele dei wol sân kilometer fytst. Miskien ek wol acht, wa sil it sizze. As de see wer rôp, parkearden wy ús fytsen en dartelen wy tusken de kuierders troch it wetter wer yn. Fjouwer kear hat de see ús sa besocht – dat is ien kear per twa kilometer.

Dêrnei stapten we op ’e fearboat en giene we oer de Bodden nei Stralsund. We sieten by it foarrút, dronken der in grut glês bier by en seagen om ús hinne. It begûn in bytsje te reinen en we tochten oan see. Alles wie goed – it hiele liif baarnde noch nei fan de sâlte weagen, it hollehier wie stiif wurden en it grutte glês bier die syn wurk as roesbringer en sliepferwekker.

Doe’t we yn de beskieden binnenhaven fan Stralsund kamen, fytsten we nei it earste hotel dat op ús paad kaam. In pensjon, al wat op leeftyd, mei in gesellige kneibe derûnder en útsicht op it wetter. We hoegden allinnich mar ús fytstassen omheech te bringen, dêrnei stie it iten klear.

It bestie dus noch – in eilân sûnder wite skimmel en patathallen, in noflik stedsje mei in betelber pensjon yn ’e haven. Toeristen leauwe stiifkoppich yn ýlluzjes en tinke dat it heil noch komt, mar op dizze dei wie it safier. Yn myn gongen nei it wetter besefte ik dat it ljocht oars net is as in pear seldsume mominten.