Kollum Friesch Dagblad, 20-08-2016

Horloazje

Ik kocht myn earste horloazje doe’t ik tolve wie. It wie in ienfâldich Pontiac-je, mei in lytse wizer, in grutte wizer en in sekondewizer. Fierders stiene der ek de nûmers 1 oant mei 12 op de wizerplaat, mar dat is meastal sa mei opwynbere horloazjes.

Lêsten tocht ik wer oan it lytsguod, doe’t ik in foto fan mysels tsjinkaam en om de pols it klokje sitten seach. It swarte bantsje wie fansels krekt wat te lang foar de beskieden pols fan in fjirtjinjierrige, mar horloazjes binne der op dy leeftyd foaral om wat om ’e pols te hawwen. Miskien herinnerje jo it doe razend populêre quartz horloazje nog wol, mei wichtige funksjes as datum, sekonden, ljocht en stopwatch. Ik siet trouwens mei ien yn ’e klasse dy’t der in rekkenmasine op hie, wat doe echt ûngelooflik wie en rjochtstreeks fia de Kijkshop fan Chriet Titulaer’s Wondere Wereld (‘van de micro-electronica’) ta ús kommen wie.

Myn Pontiac hie ik sparre mei it Rabo-skoallesparjen op de legere skoalle. Ik wie fan doel it by ien horloazje te hâlden. Ik kocht it foar op de middelbiere skoalle – no ja, waard eins oantrúne dat te dwaan – sadat it horloazje dus de markearring wurde soe fan in nije libbensfase. Dêr kinne jonge minsken fansels hiel dramatysk oer dwaan.  Myn besef fan tiid waard ferbûn mei in kostber stik en dizze ferbyntenis wie 4-ever. Jo begripe dat it in hiel deechlik horloazje wie, ien mei in klassike útstraling. Foar my dus net sa’n modieus  gefal as dy quartz, al sis ik derby dat ik ek hjir oantrúne waard soks net te keapjen.

Nei acht jier waard it horloazje stellen, samar op in simmerske dei. Acht jier wie doe noch hiel lang, in heal minskelibben hast. It nuvere is lykwols dat ik it horloazje gjin momint mist ha. Miskien kaam dat wol om’t ik noch net sa lang op keamers siet. It libben is dan krekt wat minder serieus en âlde grinzen wurde sljochte.

Feit is dat ik de tiid sûnt doe altyd wit te finen. Sa ha ik yn myn wenplak in netwurk fan fêste klokken hingjen, ynklusief de grutte en lytse wizers fan de hege tsjerken.

Ik ha dus al mear as 25 jier gjin horloazje mear. Ik ha trouwens ek gjin televyzje en fêste telefoan, lykas ik net app en thús gjin wifi ha. Ik wol net preke of sa hear, mar in bytsje neat yn dizze snelle prestaazjemaatskippij kin hielendal gjin kwea.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *