Koart ferhaal Friesch Dagblad, 17-08-2016

Hmph

Se wiene nei fjouwer wike thúskommen fan de oait langferwachte fakânsje, mar de moaie griene tún wie it iennige feestlike deroan. Hy seach nei syn frou en bern en koe neat oars sizze as ‘hmpf’. Foar harren wie dizze útrop fan ôfkear en ûnbehagen net nij, want de hiele reis hie er it sein. Doe’t se fannemoarn fuortriden wiene fan ’e kamping, hie er it leave en gastfrije beheardersechtpear útgroete mei ‘hmph’. Dêrnei, fanôf Normandië dus, wie it pas echt begûn. Foar syn frou wie it ek wer net echt nij, want it wie elk jier sa – sûnt de tiid dat se ferkearing hiene en mei de trein of fyts erges út Súd-Europa kamen.

Se wie dus ûnder Le Havre mar in petear begûn mei de bern – oer wat se letter wurde woene. It wie in fleurich petear, want harren soantsje woe ‘ridder, pelysje en ambulânse’ wurde en harren tochter gewoan Pipi Langkous. Se hie hoop hân dat er meidwaan soe en opskeppe woe dat er as jongeman ‘fuotballer, gitarist en boer’ wurde woe, wernei se har tochter byfalle soe troch te sizzen dat se gewoan  prinses wurde soe – type Maxima.

Boppe Le Havre lykwols begûn er mei te dwaan troch ien ‘hmpf’, wêrnei it alwer dien wie. Hiel Amiens hiene se swijd, oant Lille en Antwerpen ta. De bern wisten it, want se makken gjin rúzje en seagen swijend troch it rút. Flak foar de grins mei Nederlân hie er nei de benzinemeter wiist en ‘hmph’ sein, wêrnei er by it earstfolgjende tankstasjon ôfsloech en om ’e beurs frege troch ek wer ‘hmph’ te sizzen.

Sa gie de reis mar fierder en fierder, oant se thús wiene, dêr’t de tún sa moai grien wie en it hûs altyd krekt wat lytser wie as se earder tocht. Suchtsjend (‘hmph’) hie er de achterklep fan ’e auto iepene, stinnend (‘hmph-ph’) rûn er mei de koffers, tassen en tinte op en del.

De buorjonge wie fuort delkommen en hie oan de âldste ferteld dat se nei Denemarken west hiene en dat it hiéééél moai wie en Legoland ek en de see ek. De âldste hie sein dat it wol leuk wie yn Frankryk en dêrnei ‘hmph’ sein. It suske fan ’e buorjonge wie him folge en begûn tsjin de dochter oer seekraaltsjes, skelpen en Legoland, folge troch ‘en jim?’, mar it famke koe oars net sizze as ‘hmph’. Dizze deformaasje rôp grutte soargen by har op. Se seach nei har man, dy’t mei kaart fan it Sinese restaurant yn ’e hân nei de babi pangang wiisde en de telefoan ûnder in sêfte ‘hmph’ oan har joech, folge troch syn finger by de beker saté en in ‘hmph, hmph’, as teken dat er twa woe.

Doe’t se oplein hie, knakte der wat. Hy wie in boarne fan ellinde – in ambtner op de ôfdieling monumintensoarch noch wol. Miskien net it nijsgjirrichste wurk, mar ek net in minste. Moarn wie it trouwens snein, dan wie er noch lekker frij.

Dêrom fûn se dat se har flecht sykje mocht yn grinsferlizzend en korrizjearjend gedrach. Se gie achter him stean, tikke him op ’e skouders en sloech him mei de flakke hân fol yn it gesicht, wêrnei se rôp dat er in bedoarn en ferfelend mantsje wie, dy’t neat prestearde op syn wurk, neat prestearde yn bêd en dat er nó ophâlde moast mei dat ge-hmph. Mar hy fielde kenlik neat, want hy seach har freegjend oan, folge troch in fernuvere ‘hmph?’

Dat wie it. De drip. Se gie nei boppe en krige de noch folle koffers en tassen wer en smiet de yn ’e auto. Se rôp de bern en starte de auto. Wêr’t se hinne gie? hearde se him roppen. Hy stie op ’e oprit en hie de kaart fan it Sinese restaurant noch yn ’e hân. Syn iene read-brúne wange wie noch brúner dan er al wie en har eigenste binnenhân skroeide noch nei.

It leafst woe se it rút iepen dwaan en mei de tonge út ’e mûle keihurd ‘HMPH!!!!’ nei him roppe, mar yn dizze kreaze buert wie dat echt net geskikt. Dêrom tútere se allinnich mar eefkes. Doe’t se de hoeke fan ’e strjitte om gie, kaam de brommer fan ’e sinees har krekt yn ’e mjitte.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *