Kollum Friesch Dagblad, 23-07-2016

Op keamers

Elk jier om dizze tiid hinne tink ik wer eefkes oan de simmer dat ik op keamers gie. Ik hie my fan alles foarnommen – rigelmjit yn in smûke romte, in kuolkastje neist it bêd en in pear moaie plantsjes foar de gesellichheid.

De earste wiken gie it allegear reedlik goed en tearde ik myn klean noch op. Mar al gau feroaren de saken. It begûn mei de ôfwask, dy’t ik hieltyd wat langer stean liet en op it lêst mar bedobbe mei in kleedsje. Ik kaam ek hieltyd letter thús en waard geregeld wekker yn bêd mei de klean noch oan. Soms hie ik selfs de skuon net útdien, hoewol’t de fiters wol altyd los wine.

Fansels wie ik ek oan it eksperimintearjen slein. Sa sloech ik moedwillich wolris in kolleezje oer, suver om de erfaring fan spijbeljen ris te belibjen. Ek draaide ik nei it wekker wurden fuort in sjekje en rookte dat yn bêd op, want dat diene se ek yn films en skepte sa lekker op.

Mei oare wurden: ik waard in smoarge barich. Doe’t ik ris op in sneontemiddei wekker waard om’t ik frjemde stimmen hearde op de oerloop, kaam ik each yn each te stean mei in dikke snorremans, dy’t mei in fet Rijnmonds aksint tsjin my sei: ‘Komt mijn dochter bij jóu inwonen?’

Ik knikte mar ja. Gelokkich wist er net fan myn yntusken fêste gewoante om yn it goatstientsje fan myn keamer te pisjen. Earst die ik dat ’s nachts, as ik wer ris hiel let thúskommen wie. Mar om’t ik moarns dus in sjekje rookte yn bêd, koe it pisjen der wol achteroan. Moarns waard middeis, middeis waard altyd. Earst noch mei de gerdinen ticht, dêrnei gewoan foar it iepen rút. En ek as der oaren by wiene, ûnder it praten of televyzje sjen. No ja, jonges dan. Famkes stjoerde ik fuort, lui as ik wie. De toskeboarstel en tandpasta seagen der wol wat fernuvere nei, mar mei in rinnende kraan wie der neat oan de hân.

De simmer dat ik op keamers gie stiet my dus altyd by. Selfs myn rekord fan fan bêd komme bin ik net ferjitten: kertier oer fjouweren, op in winterske dei. Ik die de gerdinen iepen en sei: ‘Goedemiddag Nederland’. Doe’t ik nei it dûsen wer op myn yntusken tsjustere keamer kaam, sei ik: ‘Goedenavond Nederland’ en die ik de gerdinen mar wer ticht. Machtich gewoan – al tink ik no geregeld: hoe helle ik it yn ’e plasse.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *