Koart ferhaal Friesch Dagblad, 22-06-2016

It skouke

Se hiene in moaie houten skou kocht, mei in lytse kajút derop en twa sliepbankjes. Hy hie lang neitocht oer in namme wie optein doe’t er der ien betocht hie en it skildersark nei de diene arbeid wer opbergje koe. No kamen se by de haven oan en wie it tiid de marifoan derby te heljen.

‘‘Hallo havenmeester, hier de No no no no no no no no no no no no there’s no limit. We willen graag de haven binnenvaren, zijn er bijzonderheden?’’

Hy wist dat it eefkes duorre, dêrom glimlake er nei syn frou. Dêr prottele de radio al.

‘‘Hallo No no no no no no no no no no no no there’s no limit, hier de havenmeester. Geen bijzonderheden, kom er maar in.’’

It gie sa as er ferwachte hie. Hy tufte de boat nei binnen en oriëntearre him eefkes. Fierderop lei in grutte krúzer, dêr koe er syn skou wol neist lizze. De krúzer hiet ‘Q’ – fêst fan ‘Qruizer’ – en de kapitein siet op it dek.

Probleem wie wol dat er noch net faak oanlein hie. Om earlik te wezen noch mar ien kear. It gie net maklik, de slúswachter hie fannemoarn oer de megafoon tsjin him sein sein:  ‘‘Attentie No no no no no no no no no no no o there’s no limit, u blokkeert de sluis. Wilt u doorvaren?’’ Hy hie op syn frou skelle moatten, want se makke in boei los ynstee fan de line mei de fêste wâl. De autofile wie doe al aardich lang en de earsten begûnen te túterjen. De skippers fan de Valkjes, BM’ers en seewaardige jachten dy’t dêrnei de slús yn kamen seagen krekt sa lilk as de automobilisten.

‘‘Hé, No no no no no no no no no no no no there’s no limit, wat krije wy no?’’ hearde er ynienen.

‘‘No Q,’’ begûn er, ‘‘ik woe hjir oanlizze.’’

‘‘Dat past net.’’

‘‘Wol.’’

‘‘Nee. Sykje mar in oar plak.’’

Hy seach om him hinne.

‘‘Der binne gjin oare plakken mear.’’

‘‘Dêr ha ik neat mei te krijen. It past gewoan net, dat sjochst dochs wol?’’

Hy liet de motor lykwols rêstich tuffe en die as hearde er neat.

‘‘Ik krij dy wol boeke! Ik belje de havenmaster!’’

De kaptein sakke de kajút yn. Syn frou seach him oan.

‘‘Silst dat no wol dwaan?’’ begûn se.

Mar hy antwurde net. Fan alle boaten wiene krúzers de domste, wist er.  Syn No no no no no no no no no no no o there’s no limit wie neist de Q in echte pearel. Stadich joech er gas.

‘‘Hâld de boei klear,’’ sei er tsjin syn frou.

Se gie nei foarren en krige de swarte.

‘‘Oare kant!’’ rôp er. ‘‘De boei moat tsjin de steiger!’’

Stadich joech er noch wat mear gas, wylst de buorman krekt út de kajút kaam, de fûsten balde en wat ûnfersteanbers nei him rôp. Om’t er seach dat de kapitein al razend nei de râne fan de boat rûn, hie er net echt yn de gaten dat er de motor yn de achterút set stie. En wer wie syn frou ynienen?

Hy seach twa hannen nei de steiger taasten en sette de motor op stand-by.

‘‘Stiest oan de ferkearde kant,’’ sei er.

‘‘Watte?’’ rôp se.

‘‘Datst oan de ferkearde kant stiest!’’

‘‘Ach man, pak dy op!’’

Fierderop kaam de havenmaster al oandraven. As er de skou noch eefkes rap dertusken sette, wie der ek gjin praat mear, wist er.

‘‘Ik warskôgje dy!’’ raasde de kapitein.

‘‘Hé No no no no no no no no no no no no there’s no limit!’’ rôp de havenmeester.

Mar it koe noch wol, miende er. De boat begûn al wat stjoerleas te wurden, dêrom wie it saak fuort gas te jaan. Hy draaide de hendel iepen en stjoerde nei rjochts. Mar de skou raamde de krúzer mei in ôfgryslike klap en de kapitein kukele oer de reling oer it wetter yn.

Mmm, tocht er, want der siet en enoarme dûk yn de Q, mar wat slimmer wie wie dat er fielde dat de skou op in frjemde wize licht begûn te wurden. Wylst de kapitein de hannen oan de steiger sette, fielde er it wetter oan de fuotten kabbeljen – en oan de búk. Hy koe net oars as springe en doe’t er boppe wetter kaam, seach er noch krekt de ‘‘limit’ fan ‘No no no no no no no no no no no o there’s no limit’ yn it wetter ferdwinen.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *