Koart ferhaal Friesch Dagblad, 20-07-2016

De marteltrep.

De gong nei de feart betsjutte foar har in martelgong. Har hiele libben wie se ôfkearich fan wetter west en doe’t se nei in hiel soad lessen einlik har diploma (A) helle hie, waard se ek noch achte it ynienen leuk te finen.

Mar it wie hielendal net leuk. Foaral iepen wetter wie net leuk. It stjonkte, der swommen grutte fisken mei skerpe tosken yn en boppedat wie it kâld en wiet. Op ’e kamping lykwols koe se net oars. Mei har man hie se de foartinte foar de karavan yn alle rêst opset. Mar harren soantsje begûn fuort oer it wetter, dêr’t er nó yn woe. It waard dus tiid om de ûnderhanneljen. It koe dochs ek moarn? begûn se noch. Nee! rôp er. Werom net allinnich mei heit? ferfolge se. Do hiest it belooft! raasde er.

Dat wie yndie sa. Wiken en wiken lien al. Se hie it badpak dus mar oan dien en wie mei him en har man nei de oanlissteiger set. Dêr wie it trepke al – it trepke nei de hel. Om’t se har fakânsjeplicht dus net fersake koe, naam se it foartou mar.

De trêden fielden glêd en hierich oan. It brúne wetter rekke har teannen, wêrnei der in rilling troch it lichem gie. Unrêstich stie er foar him. Twa tosken, twa earms, twa oranje swimbantsjes.

‘‘Toe no,’’ begûn er.

Mar se wachte en wachte, want de knibbels waarden kâld.

‘‘Toe no, ik wol der y-y-y-yn!’’

‘‘Mem moat der earst troch,’’ antwurde se.

Se betsjinne har fan ’e tredde persoan, wat se oars noait die.

‘‘Mem wacht te lang.’’

‘‘Ja,’’ sei har man.

Hy hie de hannen yn ’e side lein, krekt boppe de blaue swimbroek, en seach mei itselde ûngeduld as syn soantsje nei har.

‘‘Sis mar tsjin mem dat se in skitert is,’’ sei er.

‘‘Mem is in skitert!’’

Dêr hiene jo it al. Har hiele libben wie se dus ôfkearich fan wetter en no waard se ek noch achte sokke grapkes leuk te finen.

‘‘Net flau dwaan!’’ begûn se. ‘‘En foar dy sjen!’’

Dit wie in gaadlike technyk. Ûnderhanneljen troch ôflieding, sa woe er miskien net mear.

‘‘Hast de bantsjes goed opblaasd?’’ ferfolge se dus, want it wetter om har middel fielde oan as iiskâld.

Hy kaam noch tichter by har stean en bûgde him nei foaren.

‘‘JA!’’ raasde er sa ticht mooglik by har ear.

‘‘Net sa raze yn mem har gesicht! Do moast net sa raze! Smoarge jonge! En om dy hinne sjen. Ast der yn falst komt miskien net boppe. Om dy hinne sjen dus!’’

Se raasde hast ,want har boarsten waarden fan stien.

‘‘En do ek!’’ sei se sa lilk mooglik tsjin har man.

‘‘Pardon?’’ frege dy. ‘‘Ik ha diploma A, B en C, ik hoech neat.’’

‘‘Mem moat opsjitte,’’ sei de jonge.

Se fielde it belachlike fan ’e sitewaasje. Altyd mar alles dwaan en moatte foar dat smoarge wetter, ynienen hie se skjin har nocht fan. Wêrom die se dit, no’t se fakânsje hie en einlik boeken leze koe? Se sette har foet in trede heger, de oare foet ek en kaam derút.

‘‘Wat docht mem no?’’ frege it jonkje.

‘‘Ja, wat dochst no?’’ frege har man.

It wie in komplot. Twa manlju tsjin in no bêst wol wat sielige frou, dat lei har net sa goed. Wetter wie gewoan freeslik.

‘‘Ik gean net.’’

‘‘Stel dy net sa oan,’’ sei har man. ‘‘Bist der sa troch. Wy  dogge it dochs ek? It is fakânsje!’’

‘‘Jim binne stom,’’ sei se.

‘‘Mem is stom,’’ sei har soantsje.

‘‘Fakânsje, fakânsje, fakânsje!’’ rôp har man.

Mar se krige de hândoek en droege har ôf.

In boatsje farre foarby. Fierderop raasden bern yn it wetter. Se fielde har feromme. In oerwinner. In heldin. No wie it écht fakânsje. Se begûn al nei te tinken oer it iten en wie yn gedachten by de E-reader, doe’t se ynienen in stevige set yn ’e rêch krige, har lykwicht net mear hâlde koe en foaroer foel. Se taaste wat se koe, mar dat slagge fansels net. Der wie neat mear, kjeld en smots wiene har diel.

Doe’t se wer boppe wetter wie, stie har soantsje op ’e de steiger. Hy stuts de oranje swimbantsjes yn’e loft om’t er in grutte oerwinning te fieren hie. Har man lei krûm fan it laitsjen – se hate syn blauw swimbroek en hie nocht dy yn it iepenbier nei ûnderen te lûken.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *