Kollum Friesch Dagblad, 09-06-2016

Brexit, Nexit

Nei oanlieding fan de Brexit komme de tsjinstanners fan de EU wer mei in karrefracht arguminten om dy as soon as possible te ferlitten. It is jildfersmiterij, der komme frjemde minsken fan en it bedriigt ús milleniumâlde Nederlandsche identiteit.

Steefêst wurdt der dan wiist nei de ‘elite’, de ‘bureaucratie’ en/of de ‘regelzucht’, allegear mei it adjektyf ‘Brusselse’ derfoar. Want dêr húsmanje de kantoarpikjes dy’t it allegear sa goed miene te witten, mar dy’t blyn binne foar de deilikse realiteit fan de belestingbeteljende Jan Modaal, dy’t trouwens better Piet Snot neamd wurde kin.

Frjemd en dom. Burokrasy is goed. As der gjin burokrasy is, krije jo it spûk fan de korrupsje. Lannen mei formele bestjoerslagen binne riker, sterker, gelokkiger, lykwichtiger. Korrupte lannen binne earmer, ynstabiler en minder humaan. Se misliede de boarger troch willekeur en freontsjespolityk en dogge dêrmei de meast needsaaklike belangen fan de belestingbeteller (goed ûnderwiis, sûnenssoarch, in hûs) skea. It is krekt as mei ferkearrigels: de mear, de better – minder slachtoffers, minder útstjit, mear romte foar kwetsberen. Elke wet is der foar Jan mei de Pet, sis ik. En fansels ek foar Oedze mei de mûtse, Tini mei har bikini en Klaske mei it jaske.

Om’t in referindum oer de takomst fan de EU nei alle gedachten in item wurdt by de folgende ferkiezings, ha ik nocht om no al myn stim hearre te litten. Lit ik dus ek mar ris op de populistyske toer gean en it lûd en skel roppe.

Dêr gean ik. (Ahum)

Foar de Haagse betutteling! Fuort mei it no-nonsense-kapitalisme! Foar Brusselse wettten! Mear rigels, mear subrigels! Foar reginten en achterkeamerpolityk! Mear wetten en prosedueres! Mear subsydzjes! Mear ynfloed fan de supersteat! Lang leve de technokrasy! Lang leve de ambtenaar! Mear Europeeske belestingdruk! I love Brussel! Vote EU!

Sa.

Of ik elitêr bin? Of net by de pinken bin? Of hjir op de achterkant fan in filtsje aardich komplekse matearje sit te redusarjen ta Jip en Janneke-taal? Beslist net. Ik wurkje yn in ynternasjonaal meubelbedriuw (fjouwer letters), dat syn hout, stof en kearsfet út alle hoeken fan de wrâld hellet. Dêrneist bin ik ek warber as serieus barkeeper yn in kafee mei in ynternationale drankkaart. Wyn út Frankryk en Portugal, whiskey út Skotlân en Amearika, bier út België en Dútslân. As hjir ek sa’n stompsinnich referendum komt en wy tajouwe oan de populistyske droktemakkers, kom ik op strjitte te stean. Lykas jo.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *