Kollum Friesch Dagblad, 25-06-2016

EK

Ik sit my net echt te ferbiten. Ynstee dêrfan nim ik de tiid foar oare saken. Sa genietsje ik ekstra fan it moaie waar en fan de lytse dinkjes dy’t it dogge. In stikje bôle mei hagelslach of in sean aai. Foarige wike haw ik in tochtsje makke mei in fearpontsje. It duorre tweintich minuten en wie gewoan prachtich. Oeral fûgels en wiuwende reidpôlen. Ik tocht: wêrom sil ik nei Ingelân-Ruslân sjen as ik hjir sa lekker sitte kin yn ’e wyn en yn ’e sinne? Ik hie dizze prachtige tocht trouwens noait makke as Nederlân wol meidien hie, dat telde ek.

Ek waan ik my hielendal net werom nei de earste helte fan de jierren tachtich. Michel Valke, Cees van Kooten, Piet  Schrijvers, Pier Tol – we diene gewoan net mei. Djiptepunt wie in eigen goal fan Valke tsjin Eastenriik yn ’e kwalifikaasjerige foar it WK fan 1986. Dêrnei waarden we yn in beslissingswedstriid útskeakele troch de België.

Dat we útrekkene troch de Belgen útskakele waarden siet my as sechtjinjierrige fansels heech, mar no net mear. It sit my ek net echt heech dat de Belgen no in folle better team hawwe en it sit my hielendal net heech dat wy toernoai nei toernoai fanselssprekkend meidiene en sy jierren en jierren net en dat dit no oarsom is.

Dat Wales, Iislân en Albanië wol meidogge, dêrfan sis ik: goed foar it Europeeske gefoel. Hearlik! Ik gun it se. Machtich. Leuk. Wales en Albanië hawwe trouwens beide 3 miljoen ynwenners, Iislân trijehûndertuzen (minder as Fryslân) en wy 17 miljoen, mar wat seit it?

Krekt safolle as de koers fan de devaluearre munt: neat. Boppedat ha ik as 46-jierrige oare prioriteiten. Beskieden prioriteiten. Lekker slikje oan in ijsko. Nei moaie loftpartijen sjen. Kuierje. Ris nei hockey sjen of nei … eh… in potsje beachfolleybal. Ik tink dus net mear oan myn útsinnige gejoel nei al dy winstpartijen of it berikken fan in folgende ronde. De slingers dêr’t ik sa fan hold en de langduorjende foar- en neiwille. By it WK fan 2014 hie ik noch in oranje liuwepak oan en in ‘I Love Maxima’-sombrero op de harses, mar dat soe ik no noait mear dwaan. Ik wie doe ek wat jonger, sa moatte jo it ek sjen.

En ik meitsje my hielendál gjin soargen of de sportieve krisis te krijen hat mei de nije generaasjes. De achterbankgeneraasje, de Einstein-generaasje, de generaasje Y of hoe’t se fierders ek mar hjitte. Se wurde brocht yn gouden setels, sizze se, mar dat jilde ek foar my. As ik deroer begjinne wol, begjin ik my in âlde eamelkont te fielen. Dus sit ik my fierder net echt te ferbiten.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *