Kollum Friesch Dagblad, 11-06-2016

Vrij Nederland

It wie yn 1987. Ik wie as santjinjierrige mei kameraat U. nei Frankryk set om dêr flink achter de famkes oan te gean of oars stevich te huffen en te houwen mei it konkurearjende jongesfolk.  Tafallich stiene wy op deselde kamping as de âlders fan kameraat U., wat achterôf sjoen in blessing in disguise wie.

U. krige nammentlik al gau in famke, sadat ik allinnich sitten bleau op it strân. Om’t de âlden fan U. in jiergong Vrij Nederland mei hiene, sloech ik oan it lêzen – en bleau ik oan it lêzen. Doe’t ik twa jier letter studearjen gie, naam ik fuort in abonnemint.

Vrij Nederland wie doe noch in krante mei in boekebylage en in katern fol sfearreportraazjes en ferhalende sjoernalistyk. It waard letterlik en figuerlik myn liifblêd. Ik lies it yn ’e trein en yn ’e bus, as ik net sliepe koe en as ik my om wat foar reden dan ek ferfeelde.

Foarige moanne lies ik ferskate ynterviews mei John Jansen van Galen, skriuwer fan it boek De gouden jaren van het linkse levensgevoel. Het verhaal van Vrij Nederland.

No slacht dizze titel foaral op de romrofte jierren santich, doe’t VN in oplage hie fan mear as hunderttuzen stiks en it wichtich wie om mei it blêd ûnder de earm yn it kafee te ferskinen.

Mar ek foar my betsjutte VN in soart fan libbensgefoel. Vrij Nederland wie it perspektyf fan de grutte stêd en iepene foar my in hiele nije wrâld.  Ik begûn myn foaroardielen te ferliezen, seach it belang fan maatskiplik belutsen sjoernalistyk en krige mar gjin genôch fan de faak ellenlange portretten fan grutte en lytse minsken.

Al wurdt der faak wiist op de politike sitewaasje yn de jierren tachtich, de echte delgong fan Vrij Nederland kaam doe’t it ynternet yn de húskeamer kaam en wykblêden as gesachhawwende opinymakkers harren funksje begûnen te ferliezen. Miskien hie dy delgong ek wol te krijen mei my: ik wie in stedsmins wurden en koe de mindere stikken hieltyd better ûnderskiede fan de krekt wat bettere. Vrij Nederland rekke hieltyd foller mei keuvelich  kofjepraat oer popmuzyk en grientetunen oan ien fan de grêften fan Amsterdam. Fûn ik earder dy rânstedelike arrogânsje krekt moai, mei de jierren waard it holler, saaier en waard de freeslike lifestylesjoernalistyk hieltyd mar it referinsjepunt. De drip kaam doe’t ik in deaserieus pleidoai lies oer de foardielen fan twa sliepkeamers yn ien relaasje. Nei 22 jier waard it tiid om om te sjen nei in oar liifblêd.

 

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *