Kollum Friesch Dagblad, 28-5-2016

Broem, broem

Ik bin in echte man. Dat betsjut dat ik foar de duvel net bang bin, goed loftgitaar spylje kin en aardich wat nutteleaze kennis ha oer fuotbal en wielrennen. Yn de rin fan de jierren ha ik idoalen ynwiksele foar nije, om myn fjirtichste hinne wie ik der sels ien. Ek ha ik as man in goed fundearre miening oer froulju. It is fansels goed dat se hjoeddedei trochleare meie en ek dat se betelle wurk dogge, maar faak sjogge jo ek dat der yn en om it hûs genôch wurk te dwaan is.

Sa.

De lêste tiid lykwols ha ik lêst fan in net echt manlike kwaal. Ik doar nammentlik net mear auto te riden. Ik ha der bêst wol lang oer dien om my de rydtechnyk eigen te meitsjen en wie grutsk dat ik it op myn 28e helle. Dêrnei miende ik ek noch dat ik talint hie – ik bewarre rêst, ôfstân, gie go with the flow en wie net bang. Mei in auto ûnder de kont oertrof ik mysels elke kear wer.

Mar sûnt twa, trije jier is it mis. De hannen wurde waarm, de fuotten begjinne te triljen en elke krúsing of rotonde is in wiere angstgegner. Gefolch: ik nestelje my steefêst kreas foaryn en jou dêr achteleas it heft út hannen. Faak betink ik der swakke smoeskes by as ‘pine holle’ of ‘seare búk’. Ik sis ek wolris ‘Ik bin hiel ferkâlden’ of ‘Ik ha in seare kiel en bin in bytsje wurch.’

De kwaal begûn doe’t ik (in dieselrider) yn in foar my ûnbekende Renault 19 (in bensine-auto) foar it stopljocht stie en net oplûke koe. De auto skokskoudere, stie stil en woe pas wer fuort doe’t it ljocht op read stie. De file achter my begûn te túterjen, it klamme swit rûn my by de broek yn.

Der is wol wat te dwaan oan myn kwaal. Ik kin bygelyks in pear lessen nimme en sa it fertrouwen wer wat opkrikke. Mar sjoen it feit dat ik autolesse doe ferskriklik fûn, is dat gjin opsje – jo gean ek net werom nei de middelbiere skoalle om jo Dútsk of ekonomy ris wat op te heljen.

Ik ha dan ek Max Verstappen belle om te freegjen hoe hy it docht. Sjoch, ik kin fan him leare hoe’t ik oplûke moat en myn eangst ferlies, hy kin fan my leare hoe’t er in idoal wurde kin en in miening krijt oer froulju. Neffens my is dat in win-win-sitewaasje. Verstappen wie trouwens yn gesprek, mar ik besykje it moarn gewoan noch in kear.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *