Koart ferhaal Friesch Dagblad, 25-05-2016

De kamper

De buorman hie syn grutte kamper kreas foar sýn rút set – in hagelwite auto mei in fjouwerkant hûs derop. Fuort útsicht en sichtlijn. Mei syn frou hie hy it der oer hân. Moast er oanbelje en freegje de kamper fuort te setten? De buorman wie grut en sterk en hie it liif tattoearre mei siswizen as ‘revenge & justice’, ‘wild animal’ en ‘born to kill’. Hy hie ek twa smachtsjende swarte hunen mei hagelwite tosken, dy’t sa djip blaften dat de echo hurder wie as de blaf.

‘‘Ach,’’ sei er tsjin syn ûngeduldige frou. ‘‘Se gean daliks mei fakânsje, dan hawwe wy der gjin lêst mear fan.’’

‘‘Gjin lêst? As se werom komme, stiet er der gewoan wer,’’ antwurde syn frou.

Eins sei se tsjin him: ‘‘Wês no ris in man man en gean derhinne!’’

Mar hy doarde net. Dêrom betocht er in oare taktyk. Hy soe de buorman paaie – freonlik dwaan, him helpe, goeiedei sizze, dat wurk.

Net sa hiel stevich op ’e fuotten belle er oan.

‘‘Dag buorman!’’

‘‘Goeie..?’’

‘‘Moai waar net?’’

‘‘Jawol.’’

‘‘Ik sil fannemiddei ús gers eefkes meane. Sil ik dat fan him ek meiimme? Is it wer dien.’’

WOEF! HEHEHE! hearde er yn ’e gong.

‘‘No, dat is hiel freonlik fan jo, buorman. Graach.’’

Dy middeis meande er it gers en dy er it ûnkrûd der ek mar eefkes by. Doe’t er klear wie woe er oanbelje en sizze: ‘‘No ha ik de hiele tún dien. Mei de kamper fuort?’’ Mar syn taktyk foldie noch net, want hy doarde net. WOEF!HEHEHE! hearde er op ’e achtergrûn.

Hy tocht dêrom noch djipper nei en belle wer oan.

‘‘Buorman!’’

‘‘Goeie…?’’

‘‘Eefkes nei it kafee?’’

‘‘It kafee?’’

‘‘Ja. Gewoan wat kletse as mannen ûnder inoar.’’

‘‘Mmm. Ik fyn it in goed plan.’’

Dat wie in prima begjin. Hy klaaide him om en helle de buorman jûns op.

‘‘AF!’’ rôp dy tsjin de hunen doe’t er de doar achter him ticht die. WOEF! HEHEHE! hearde er noch.

It wie in noflike jûn. Se hiene it oer fuotbal, polityk, de ienwurding fan Europa, it waar én de ideale fakânsje. Dat betsjutte in sichtline foar him, mar foardat er begjinne woe, doarde er al net mear en bestelde er mar in rûntsje. Doe’t er letter dy jûns neist syn frou yn bêd lei, moast er har teloarstelle.

‘‘Sorry,’’ sei er.

‘‘Sukkel!’’ antwurde se.

Hy skamme him djip en betocht in nije taktyk.

‘‘Buorman!’’ sei er op in dei.

‘‘Dach buur.’’

‘‘Ik seach yn de krante in moai partijtsje kachelhout te keap stean. Is dat net wat foar ús? Ik wol it wol helje, betelje en seachje, dêr hoechst dy net drok oer te meitsjen.’’

‘‘No buorman,’’ sei de buorman nei in skoftke, ‘‘dat is in hiel aardich foarstel fan dy. Hast der echt gjin help by nedich?’’

‘‘Fansels net! It iennige dat ik dy freegje wol is…. eh …. is… eh….’’

‘‘Ja…?’’

‘‘Eh… of ik dyn seage eefkes liene mei.’’

‘‘As dat alles is buorman, dan krijst him no mei!’’

‘‘Tank! Ha der nocht oan!’’

WOEF! HEHEHE! hearde er wer.

Fjouwer dagen ried er hinne en wer mei it hout yn ’e achterbak. Hy hie de ein yn ’e bek doe’t it hiele hok fol hout siet en dat fan de buorman ek.

Mar op in moarn stie de kamper der ynienen net mear. As wie er fuorthelle troch aliens, sa leech wie it parkearplak. Hy fielde him bliid en feromme en socht fuort de kaaien fan syn auto om dy dêr del te setten.

‘‘Sjochst wol?’’ sei er triomfantlik tsjin syn frou.

‘‘Hellest earst noch in heale brún?’’ frege dy.

‘‘Jawis!’’ rôp er bliid, want it fielde goed om ek ris wat foar in oar te dwaan.

Hy ried fuort en kaam tsien minuten letter werom, mar waard befongen troch skrik dat de oare buorman syn lange karavan krekt achterút it fak ynparkearde. Hagelwyt stie er foar it rút en ûntnaam er him it útsicht. Moast er oanbelje en freegje de karavan fuort te setten? De buorman wie lang, meager en bleek en hie wantrouwende eagen. Yn it hûs wenne in wite pûdel, mar dy koene ek hiel gefaarlik wêze. De buorman hie in stiennen tún, dronk net en hie sintrale ferwaarming, dat kaam der noch by. Miskien moast er mar begjinne mei … eh… de kezinen skilderje? Doe’t er oanbelle, hearde er de pûdel al. Waf, waf, waf, grrrr! gie it.

 

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *