Kollum Friesch Dagblad, 30-04-2016

Hûn

Ik moast op in hûn passe, wol fiif dagen. In koerke, wat brokjes en in boartersbonkje, alles hearde derby.

Ik moast de hûn dus ek útlitte. Trije kear deis. Dat is net maklik yn in drokke stêd. Ik hie wol de beskikking oer in miich- en skytfjildsje, mar fûn it dochs gênant as de hûn healwei de achterpoaten yn de kikkertstân sette om los te gean. Gelokkich wie it net in reu, dy’t gewoanlik sa achteleas mooglik achterpoat omheech hellet om de tún fan de buorlju fan wetter te foarsjen.

Myn útlittaktyk wie in hiele tûke: ik gie moarns foar sânen de doar út foar in stevige kuier, makke tusken de middeis in hiel koart rûntsje en gie pas nei alve oere jûns wer de doar út foar noch in lange kuier. Gjin ien seach my – en ik seach gjin ien. Ik liet de riem net fiere en joech de hûn amper gelegenheid om te snuffeljen. Hoewol’t ik miende dat ik sa folsein in control wie, wist ik fansels ek dat de gemiddelde hûnekenner my skuodholjend neisjen soe.

Dochs ferskode dit ritme al gau, want ik koe myn sjêne mar net oerwinne. Op de tredde moarn wie ik om fiif oere de doar al út, jûns makke ik om ien oere noch in nachtlike kuier. Doe’t ik de fjirde moarn mei de hûn de doar útgie, hie ik twa oerkes yn de stuol sitten. De hûn fûn it wol leuk, want hy kaam steefêst neist my sitten, slikke oan myn noas en lei him del. Sa waard ik konfrontearre mei it feit dat ik – in bistenhater – de hûn miskien wol leuk begûn te finen.

Wy hiene ôfpraat dat ik de hûn werom nei de baas bring soe. De lêste nacht hie ik in kuier makke fan alve oere jûns oant sân oere moarns, want ik woe net hawwe dat de hûn yn it deiljocht yn it iepenbier syn ferlet die en ik dan mei sa’n pûdsje de saak oprêde moast. Ik hâld net fan waarme pûdsjes, hielendal net op myn frije dei.

It gie bêst wol goed. It wie sinnich waar, dus ekstra drok. Healwei de tocht begûn ik fertrouwen te krijen – yn mysels, yn de hûn, yn it minskdom. Ik liet de riem ek wat fiere en fluite der in wyske by.

Doe’t de hûn kreas sitte gie foar it fuotgongersstopljocht, koe ik net fermoede dat er eefkes letter yn it folle sicht fan bussen, auto’s, fytsers en kuierders de yn de kikkertstân sitten gean soe en de stoep besmoarge trije grutte hompen.

Ik waard betútere en bespot. ‘Dat doe hij anders nooit!’ rôp ik noch fertwifele, mar ik wist fansels wol better.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *