Kollum Friesch Dagblad, 09-04-2016

 

Johan Cruijff

Ik ha Johan Cruijff as spiler net echt meimakke. Doe’t er yn it begjin fan ‘e tachtiger jierren wer by Ajax kaam en dêrnei nei Feyenoord ferhuze, wie er noch altyd in geweldige fuotballer, mar gjin idoal mear. Syn heldenstatus waard dêrnei foaral kultivearre, want safolle echte idoalen hie – en hat – Nederlân net. Boppedat kamen yn myn gefal Koeman, Rijkaard, Gullit en van Basten it fjild op, helden dy’t foar myn generaasje de grutte prizen pakten.

Yn sekere sin is Cruijff is foar my ek mear in filmstjer dan in fuotballer. Dat hat alles te krijen mei Nummer 14, de slomo-film mei dy slomo-muzyk fan Tonny Eyk, dy’t my noch altyd oangripe kin. De útstoarne auto’s op ’e polderdyk, it lange hier fan de minsken mei dy nuvere tongfal, de Skol- en Caballeroboerden yn it stadion: ik sjoch nei myn geboorte, rûk de Volkswagen Kever en sit yn it winkelweintsje fan ’e Spar. Cruijff wie op syn hichtepunt doe’t ik noch net sinlik wie en my noch hielendal neat werinnerje koe. Wat ik mist ha, sjoch ik dêr.

Letterlik in libbene leginde dus, dy’t it ek noch allegear wist. Der is in kategory minsken dy’t it altyd better witte mei, fyn ik. Harren brutaliteit of arrogânsje is meastal terjochte en wat se sizze kin ik net faak genôch hearre – as leginde dan.

Ik hâld ek fan dat soart minsken, om’t se yn it Nederlân fan lekker doe-maar-gewoon lekker wat oars fine. As ik bygelyks op in jierdeifeestje oer Cruijff begjinne soe, dan sil in part fan de feestgongers altyd mei ôfkear tsjinakselje en beweare dat er gewoan in arrogante kwast wie en in oerskatte fuortballer.

Ik kin net tsjin sok geklets, mar ha it krekt sa goed nedich. Opwine is in hiele sûne aktiviteit as it om it mateleaze eigen gelyk giet. Cruijff is dus net allinnich in filmstjer, mar ek in tranquillizer.

En in poëet, fansels. As poëzy om konstanten gean soe, dan soe it Cruijff syn wize van juichheien wêze. Hy nimt earst in oanrin, fytst dêrnei yn ’e loft en slacht op it hichtepunt as in sprintende hurdfytser de winnende hân oer de finishline. Alles supersnel, wêrnei er wer fierder rint en ta stilstân komt. Miskien betocht er doe wol folsinnen as ‘Italianen kunnen niet van jou winnen, maar je kunt wel van ze verliezen’ of ‘Voordat ik een fout maak, maak ik die fout niet.’ Johan Cruijff sprinte trouwens allinnich as er skoard hie, wat mar wer ris yllustrearret hoe goed er wie.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *