Kollum Friesch Dagblad, 12-12-2015

Drege fase

Doe’t ik op de middelbiere skoalle siet, ha ik in drege faze hân, dy’t wol in pear jier duorre hat. Fansels wie dat in leeftydskwestje, want jonge minsken kinne min ynskatte. It libben is net altyd fet, chill, cool, of, sa’t wy seine, ‘gaaf’. It libben is gewoan a-relaxed.
Mar de faze dêr’t ik doe trochgie, gie djipper. Ik prakkesearde op de fyts, achter de húswurktafel en foar de televyzje. Ik wie der mei myn hiele liif yn sûge en seach allegear ferbannen en komplotten. Worst case senario’s. Kearn fan dy fase wie dat ik miende dat de wrâld fergean soe. Alle sinjalen wiisden derop: in net te beteugeljen wapenwedrin, fersmoargjende soere rein en libbensgefaarlike kearnenerzjy. Ik tocht: der hoecht mar ien gek mei in kwea sin op te stean en it is dien.
Fan dy soere rein ha ik trouwens neat mear heard. Heale katedralen waarden fuortspield, mar dêr is it by bleaun. Fan dy drege fase ha ik letter ek neat mear heard. Mei de jierren – ik waard ek al njoggentjin – kaam ik ta it ynsicht dat it minsklik hanneljen kompleks is en dat der altyd oare faktoaren binne, dat der alternativen binne, dat der masinaasjes binne. Ik kaam ta mysels, better sein. It antwurd op dy oait ferlerne hoop wie dus fleurige iroany, dan wol hertlik sinisme. Ik kaam ek ta de ûntdekking dat ik it antwurd op de fragen út de drege fase skuldich bleau, wat my eins wol in soart fan rêst joech.
Undertusken giet it noch altyd net goed mei de ierde. Ekstra-net goed selfs. Earjuster is de tsiendaagse klimaattop yn Paris ôfsletten mei in plakkaat oan beloftes en foarnimmens. Yn Trouw fan 4 desimber lies ik: ‘Afgelopen zomer bleek dat oliebedrijf ExxonMobil (dy fan dy sonken oaljetanker yn Alaska, witte jo noch? Dat wie ek yn de drege faze) de afgelopen jaren meer dan 2,3 miljoen dollar gaf aan leden van het Amerikaanse Congres die klimaatverandering ontkenden en tegen overheidsbeleid stemden.’ Exxon seit fansels dat is net wier is, mar út ûndersyk blykt wat oars.
Of it no Volkswagen, Apple, Nestlé, Shell, Sony, British Airways, Ikea, China, Heineken, Unilever of ExxonMobil is, ik ha hieltyd mear reden om te leauwen dat wy troch dizze technokraten by it hantsje nommen wurde en fia de achterdoar derút set wurde om bûten te boartsjen. Ik bin net hjiroer iens synysk, lilk, teloarsteld, fertrietlik of kwetst, want hûndertfyftich jier yndustriële fersmoarging losse jo yn tsien dagen net op. Wol begjin ik te beseffen dat ik erges gelyk hie doe’t ik yn dy drege faze siet. Dit kin net wier wêze, mar dat is it al.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *