Kollum Friesch Dagblad, 29-11-2015

Gewoan

Al it nije went. Winkeltiden bygelyks. Begjin dizze ieuw moast ik foar seis oere de saak binnen ha, sneons selfs foar fiven, no kin ik rêstich beslúte om healwei njoggenen noch wat te heljen – bôle foar moarnier bygelyks of in fleske nachtwyn.
Ek sa deagewoan wurden: pinne. Dat heart fansels nuver, want wy pinne al hiel lang, mar ik kin my noch heuge dat ik tsjin de jildautomaat wie, omdat ik miende dat it ús maatskippij ûnpersoanlik meitsje soe. As elemintêre saken as jild helje of op de bus stappe kontaktleaze mominten binne, ferlieze wy inoar út it each, skandearre ik.
Sucht. Hooplik ferjouwe jo dizze puberale grillen fan in doe deaserieuze jonge hazze, dy’t no mar wat bliid is mei de OV-chipkaart en him lilk makket as minsken stadich pinne en de bon bewarje.
Wat te tinken fan de ûnmacht fan de publike omroppen? Eartiids seine wy ‘Wat is der op de oare kant?’ as wy net nei Van Gewest tot Gewest sjen woene, no is bytsje basispakket in hiele romme optelsom fan sport, speelfilm en seks. Ek de oait sa nije en fernuverjende fideoteek leit alwer kilometers achter ús, lykas de cd en dvd.
It is lykwols net te hoopjen dat in oanfal lykas dy op Parys oait went. Noch altyd is de ‘where were you’-fraach in binende foar de meilibjenden en de taskôgers. ‘Wêr wiesto doe’t de Twin Towers ynstoarten?’ (ik wie achter dit buro en gie nei ûnderen om eefkes nei de europacupwedstriid Roda JC – Reykjavik te sjen) ; ‘Wêr wiesto doe’t Pim Fortuyn deasketten waard?’ (ik sette de auto fan in freon op syn oprit, dy’t ik brûkt hie om in skjirmasine te ferfieren); ‘Wêr wiesto doe’t Theo van Gogh fermoard waard?’ (ik kaam krekt yn myn stamkafee om in putsje te dwaan), ‘Wêr wiesto doe’t Londonske metro it toaniel wie fan in terroristyske oanslach?’ (ik holp freonen mei ferhúzjen, fan twa heech nei – gelokkich – de begeane grûn).
Wêr wie ik dus doe’t op freed 13 novimber Parys bestoarme waard? Ik wie thús en ha it pas de oare moarn fia teletekst meikrigen. Dêrnei hie ik in rêstige middei, dy’t bestie út winkelje, in freon belje en karbonades bakke. Net dat it drama my kâld liet, yn sekere sin koe ik net oars.
Se sizze dat it net de lêste oanslach wêze sil, dat it pas begûn is. Ik hoop it net, mar frees dochs in bytsje dat der in dei komt werop wy it gewoan begjinne te finen en nei in oerke fan besinning wer oergean ta de oarde fan de dei.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *