Koart ferhaal Friesch Dagblad, 25-11-2015

Sinteklaas op it dak

Se wie wekker wurden, want bûten hearde se wat – in sêfte stap op it dak, dy’t lykwols fuortrûn, de ûneinige fierte yn. Sýn fierte, want hy wie ommers oeral. Earjuster wie er op skoalle, juster wie er yn it doarp, no gie er by har wei wer nei it Sinteklaasjournaal. Wierskynlik hie er yn it hûs fan it kafee sliept, op it biljert. Mar miskien hie er hielendal net sliept, want jo koene net sliepe as elkenien wat fan jin woe. Op de televyzje hiene se it dan wol oer helpsinteklazen en sa, mar dat wie gewoan ûnsin. Sint wie Sint en fierder gjin gemier. It wie wol dúdlik dat de measte heiten en memmen en Dieuwertje Blok jaloersk wiene. Se mienden altyd dat se álles oer him wisten, mar woene gewoan ekstra kado’s. Heit lake ek al dagenlang mar wat dom foar him út, dat sei genôch.
Har mem hie se juster oanjûn net te min iten te keapjen foar Amerigo, it hynder fan Sint. Dus: twa woartels, fjouwer apels, in netsje sipels, in netsje manderijntsjes, in pûde taai taai en in tekening fan K3. Se woe sels ek by K3, dus wie it alfêst moai dat de Sint it wist. Miskien soe er gau wat fan K3 jaan, in moaie trui of in hierbân.
Se hie de laptop ek by de skoech set. Foar Pyt. Koe er eefkes game of sa. Foar Sint hie se in pilske en in stikje koeke út it hok krigen en dy neist de laptop set.
Tinkst dat Sint en Pyt hjir tiid foar hawwe?, hie meme frege ûnder it hier dwaan. Sjoch, dêr gie se wer. Fansels hie er tiid! Hy wie dochs Sinteklaas?! Skrokken hie mem gau har hier flechte. Dêrnei hie se mem frege in gedicht te meitsjen foar Sint en Pyt. Mem hie it sa skreaun:

Beste Sint,
In de schoen wat lekkernij
voor U en Piet en paard van mij.

Se fûn it wol moai, mar dochs miste der ek wat. Wat dan?, hie mem frege. No, K3 fansels. Se hie it der sels mar achter set:

Beste Sint,
In de schoen wat lekkernij
voor U en Piet en paard van mij + K3

Sint soe wol begripe wêr’t it om gie. Witst seker dat it sa moat?, hie mem noch frege. Dy éagen fan har! Ast ek in kadootsje wolst, moast ek wat by de skoech sette, hie se mar sein. Ach, Sint komt net echt foar my, hie mem antwurde.
No ja, krigen jo dát. Heit wat dom te laitsjen, mem wat silich te dwaan. As Sint it allegear wist, soe er hielendal net mear komme. Se hie har tabiten wold dat se har eigen hier mar ris dwaan moast, en dan goed, mar dat doarde se net hurdop te sizzen.
De lytse wizer stie by de fjouwer, de grutte by de alve. Hast moarn dus. Se gie it bêd út, slûpte nei de oerloop en gie fia de trep nei ûnderen. Op it ferlanglistje stie ek noch it K3-bôlebakje en it K3-kwartet. Foar de iepen hurd stie har lears, in gymskoech en in teanslipper. Stadich rûn se derhinne.
Mar hea, doogde dat wol? De woartels stutsen noch út de learzens en de apels leine yn ’e gymskoech. De laptop wie noch tichtklapt en it pilske wie noch fol. Sint hie hielendal net west!
Hoe no? Se stuts de holle yn de kachel en begûn te roppen – sa hurd as se koe rôp se him nei.
‘‘Sinteklaas!! Sint! Si-hi-hi-hi-hint!’’
Achter har kaam ynienen immen hurd de trep ôf. It soe heit of mem wol wêze, oaren wennen hjir ommers net. Gau kaam se oerein.
,,Wat dochsto hjir??’’
Mem wie noch net iens de trep ôf of it begûn al. Se hie in read-wite shirt oan en los hier. Woe mem soms ek by K3?
,,Sint hat my fergetten!’’
,,No hiel hurd op bêd jongedame, want Sint hat dy net fergetten!’’
Se fielde lilkens opkommen, want mem begriep der hielendal neat fan.
,,O nee? Ik hearde him dochs fuortgean?!’’
,,Hy komt werom. Oars stjoert er wol in helpsinteklaas.’’
,,Helpsinteklazen besteane net!!’’
Mem har mûle foel iepen, as hie se it net goed ferstien.
,,Heit en mem witte der ek neat fan!’’, rôp se oerstjoer.
Hurd joech se in skop tsjin de folle lears, wêrnei’t se noch hurder nei boppen draafde en de sliepkeamerdoar mei in klap tichtsloech.

Oktobercolumn uit De Riepe, de straatkrant van Noord-Nederland

Ontsnappen

Vroeger moesten mannen met ploeg, spade en zeis het land bewerken. Als ze dat niet deden, gingen ze strijdend ten oorlog. Voor beide gold dat het extreme aanslagen waren op het lichamelijk en geestelijk welbevinden. Mannen waren echte mannen omdat ze van alles hadden doorstaan, samen hadden geleden en zo het nest hadden weten te beschermen tegen hongersnood en indringers. Allemaal voorlopig natuurlijk, want elk sterk verhaal over de goeie oude tijd was (en is) een sneer naar de deplorabele staat van de dan huidige.
Tegenwoordig gaan de nazaten van die echte mannen met een door moeder de vrouw samengesteld broodbakje naar het kantoor, alwaar ze de hele dag achter de computer zitten te typen en te patiencen. Maar mannen zijn genetisch zo geprogrammeerd dat ze fysiek moeten pieken. Het lichaam brult, zogezegd. Daarom stappen ze in het weekend massaal op de racefiets om pelotonnetje of ontsnappinkje te spelen. Alles op de duurste fietsen en in de belachelijkste kleren, compleet met driekwart racebroek, afneembare armbeschermers en een enorme batterij gps-meters. Mannen vervelen zich, kortom. Ze weten niet waar ze het moeten zoeken en verleggen de grenzen van hun saaie bestaan door, gespeend van enig talent, de zwaarste aller sporten te beoefenen. Om hun frustratie over hun falen te verbergen, gaan ze onder het mom ‘ik doe iets’ ook nog geregeld een Alpenberg beklimmen, want goed doen loont het bezwaarde gemoed.
Ik beken u: ik hoor hier bij. Weliswaar beklim ik geen bergen voor het goede doel, maar ik maak geregeld deel uit van een peloton veertigplussers. Ja, ik probeer wel eens te ontsnappen; inderdaad, ik draag een spacy zonnebril en gooi mijn bidon vaak weg als ik ga sprinten.
Soms ga ik alleen op pad, omdat solo rijden ook een specialiteit is. Laatst werd ik ingehaald door een oud stel – hij het type verzetsheld, zij het type koerierster – op hun elektrische fiets. Ik hield hun tempo niet meer bij, moest ze laten gaan en fantaseerde maar dat de één het camerateam was en de ander de motor met het omhoog geheven tijdsbord. Ik had een enorme voorsprong en was definitief ontsnapt, zo bleek.