Koart ferhaal De Moanne, septimber 2015

Bikers
Hastich hie er syn soan nei lofts stjoerd, want yn in eachwink hie er sjoen hoe ticht degrutte motor by de drokke wei stie. It soe de jonge slagje, de held, mar de no achter himoan kommende, razende frachtauto joech him lykwols fuort wer nei de stoeprâne werom. Hy koe dus net oars as tasjen hoe’t de grutte fytstas fan ’e jonge it brede V-stjoer fan ’e motor skampte, wêrnei’t dat stjoer de slach nei ûnderen makke en de Harley Davidson mei in klap op ’e tegels foel. Sels koe er de grutte benzinetank mar krekt ûntwike, wêrby’t eroppasse moast net meinommen te wurden troch de fleanwyn fan ’e frachtauto. Sa hurdmooglik luts er oan it stjoer en fytste fia de skerpe râne de stoepe op.
Dêr stie er, de jonge. Syn fernuvering oer de bryk lizzende Harley Davidson wie grut, mar geandewei krige er yn ’e gaten wat er dien hie. Boppe him, op ’e gevel fan in hûs, hong in boerd. De wapperjende flagen út it suden en it noarden laudearren de grutte, driigjendeletters. Notorious Bikers MC. Feel the noise.
Hastich sette de jonge syn iene foet op ’e traper, mar fêstneile stie er op ’e stoepe. Synfingers begûnen senuwachtich om ’e hânfetten hinne te kroljen en de bagaazje op itpakjedrager siet skeef. De Harley wie te swier foar syn fyftsjinjierrige soan, wat krekt de reden wie om dochs mar oan te beljen.
Mar earst moast de jonge hjirwei. Hy kommandearre mei hannen en fingers en seach him dêrnei hurd fuortfytsen, wêrnei’t er hoeden ôfstapte en de swiere fyts tsjin in muorre sette.
De fakânsje wie daliks miskien foarby, gong it troch him hinne. Dat koe eins net oars, de ûnbestimde klop yn ’e mage waard hieltyd sterker. It wie wier wat syn heit him noait sein hie. Oarloch wie ûnbesprekber, want eangst wie wat oars as frees.
Hy rûn nei de swiere doar fan it motorhûs en kaam wer thús om syn neat fermoedzjende frou te sizzen dat er in ferhâlding hie. Dêrnei iepene er de skodoar fan ’e wenkeamer fan it âlderlik hûs en fertelde er syn heit en mem dat er sjeesd wie en de oare moanne opkomme moast foar syn militêre nûmer. Syn libben kaam foarby yn mominten dy’t er as in smoarch skuldkleed achter him oan sleepte. De ôfgong hie nammentlik altyd folle grutter west as er oait fermoedzje koe, om’t er net omgean koe mei de antwurden, de fragen en de pynlike stiltes dêr tuskenyn.
Mar dit wie dochs oars. Yn syn mage fernaam er no in djipte dy’t er net koe. Perfekt yn ’e maat kloppe er mei tinne slach trije kear op ’e grutte doar, wêrnei’t in rilling troch de tinne fytsklean fleach. Hy wachte in skoft, kloppe noch in kear en doe’t de doar iepengie, stie ereach yn each mei in man.
In man – syn learen jack sûnder mouwen siet fol mei emblemen, lykas syn grof tatoeëarre earms. It unifoarm fan fleis en bloed kuolle syn eagen en grutte ringen glânzen om syn fingers. Hy hold him fêst oan ’e lêste sinnen dy’t er noch útbringe koe en besefte dat syn wrâld op dit momint bestie út in benearjende oardel meter.
‘Eh… it spyt my. Ik ha de motor rekke, no leit er op ’e grûn. It wie net mei sin, hooplik begripe jo dat.’
De biker swijde en sloech de earms oerinoar.
‘It wie in ûngelok. Ik sil alles dwaan om de skea te fergoedzjen. Miskien eh…’
Wierskynlik hie er al tefolle sein. De biker skodholle yn elts gefal.
‘O?’ begûn er. ‘Ik tocht it net.’
‘Ik ha it dien. Nochris, it spyt my.’
‘It wie de jonge. Wêr is er?’
‘Ik bin hjir allinnich.’
‘Nee. Ik sei krekt: wêr is de jonge?’
Hy seach de biker oan, yn ’e wittenskip dat er oan set wie. Daliks soe er tajaan troch folle mear te sizzen as er woe. In teken fan oerjefte fansels. Oerjefte wie neat oars as in rasjonele betizing, wêrfan’t er de útkomst hiel sekuer foarsizze koe – hielendal om’t er fielde dat syn libben op dit stuit eins ien grutte oerjefte wie.
Mar it wie noch slimmer. As in spûns stie er foar de learen motorridder oer. Op ’e maat fan de maachklop sûgde er syn hiele wêzen yn. Fan arachnofoben wist er dat it hiele lichem him spande fan eangst, fan hichtefrezers wist er dat se springe soene. Hy begriep dêrom fuort de swijsumens fan heit en miende foar ien tel dat er it rinne litte soe.
‘Hast my net heard? Ik moat de jonge ha. Sis op, wêr is er? Sis op!’
Mar de driigjende yntonaasje fan syn opponint makke him dochs opmerksum. Syn stimferheffing wie eins te licht, hearde er. De biker spruts tefolle, as begrypte er de eangst fan syn tsjinstanner – in fytser yn koarte broek – net sa goed. Sa moast in
wraakeksersysje hielendal net gean, wist er ynienen. Hy waard dêrom alert en fernuvere him yn syn ferlichte drystens oer syn eigen domheid. Foar him stie in beskildere burdaap, dy’t syn opfierde brommer wierskynlik mei sin te ticht by de wei set hie. En ek al fielde er syn bloed waarmer en waarmer wurden, ek al fielde er syn ferachting sieden, hy kaam ta himsels en keas syn wurden mei soarch.
‘Asto oan him komst, fermoardzje ik dy. Ek al is it mar mei ien finger, ik meitsje dy ôf.’
De boppelippe fan ’e biker lei strak oer de tosken en de noas sûge de lucht yn en út. Hy wist dat de biker sicht hie op syn omfallen motor, mar wie net bang. Soepel liet er de hannen yn ’e bûse gliidzje, rêstich draaide er him om. Der koe fansels fan alles mei him
barre – in slach, in skop, in fûst – mar hy fielde neat mear en krige de fyts.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *